Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
31 results
Place of Narration: Hurdegaryp
By 't Tiltsje tusken Eastemar en Sumar spûken om 12 ûre yn 'e nacht altyd wite wiven.
nl.verhalenbank.31040
Yn 'e Burgumerheide wie ek in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.30428
Oastlik fan 'e Brandsma-loane yn Garyp is in leantsje. Men wol ha dat dêr yn dat loantsje in fôlle spûket mei in brijpot om 'e hals. Guon doarsten der froeger net lâns.
nl.verhalenbank.32201
Op 'e wei fan Eastemar nei Sumar (de Sumarrewei) spoeke altyd in man mei in koe. Nageat hiet dy man. Dy man is dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.19791
Hjir by Bennema-state stiet noch de homeije fan in hekke, dy't se noait ticht hâlde koenen. Dêr spûke it froeger.
nl.verhalenbank.30894
To Wâlterswâld roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der wienen de minsken froeger bang foar.
nl.verhalenbank.30860
By de homeije fan dokter Bontekoe wie 't net plús. De hekke gong altyd út himsels wer iepen, as men him sluten hie. Hy woe net ticht sitten bliuwe. Dat kom hjirfan, dêr gong nachts altyd in geest troch. Dy moest rûmte ha.
nl.verhalenbank.30421
It Bucheltsjehout doarsten se by jountiid en by nacht ek net lâns. Dêr spûke it ek.
nl.verhalenbank.32202
De hikke by dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.19793
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
Der wurdt fan sein dat der ris trije man to fiskjen wienen by de Skilige Piip. Ien man waerd troch de oare beiden oer board hâlden en doe is dy dêr forsûpt. Sûnt dy tiid spûket dy dêr om.
nl.verhalenbank.30424
Heit gong nei de fabryk to Feanwâlden ta to stampen yn 't sûkerijfabryk. Syn murdehoun naem er altyd mei. Op in moarn bitiid brocht de houn him twa murden, dat wie op in sydpaedtsje. Doe kaem heit wer op 'e wei, doe tocht er: "Hwat is dit?" De houn doarst der net troch. Der wie hwat swarts, mar hwat it krekt wie, koe heit net sjen. Even letter wie 't fuort.
nl.verhalenbank.30857
Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my. De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats,...
nl.verhalenbank.19836
Yn 'e Bosk fan Burgumerheide spoeken froeger wite wiven. Dêr ha 'k ús heit wol oer heard.
nl.verhalenbank.18094
Wybren Wartena syn heit wenne yn Garyp. Dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie buorkerije en in herberch. Doe't syn earste frou stoar biloofde hy har, hy soe noait wer trouwe. Mar hy die it al. Sy koenen it skoan rêdde en sy gongen der togearre wolris mei de tilbry op út. As se dan thúskamen gongen de skûrredoarren fansels iepen. Dat wie it wurk fan syn...
nl.verhalenbank.19786
Us mem fortelde, dêr yn 'e buert fan Garyp ha minsken wenne, dy hienen in jonkje. Dat jonkje hie skuon oan mei sulveren gaspen. Dat jonkje rekke siik en doe hat er sein: "Dy gaspen mat mem noait forkeapje." En doe kaem dat jonkje to forstjerren. Mar dat minske kaem yn 'e earmoed to sitten en hja forkocht de gaspen. Letter kaem dat jonkje hyltyd by de...
nl.verhalenbank.30891
Yn Burgum wenne in rike heareboer, dy forlear syn frou. Foar har forstjerren hied er har biloofd, hy soe net wer trouwe, omt hja dat graech sa ha woe. Mar der wie noch net in healjier om of doe stied er al wer ûnder 'e geboadens mei in nicht fan syn eardere frou. Doe't er fan 't gemeentehûs weromkaem en it rydtúch yn 't koetshús bringe soe, stie syn eigen...
nl.verhalenbank.19772
Om in ûre of tolve hinne wie hjir by Bennema-State froeger altyd in swarte houn. Dat wie in pleachbeest, seinen se. Hy biet jin net, mar hy roun altyd in ein mei en makke de minsken binaud.
nl.verhalenbank.31046
By de Krúswetters koe noait in skip fêstlizzen bliuwe. Dêr spoeke de Lange Sleatterman. Dy makke it altyd wer los.
nl.verhalenbank.19792
Op 'e Swarte Wei yn Eastemar roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.19789
31