Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: reus Place of Narration: Drachten
De kanalen binne troch reuzen groeven, seinen se. En ek de dwergen ha der oan groeven. Binoarden Akkrum wienen twa reuzen mei de feart oan 't graven. Akkrum hie doe noch gjin namme. Ien fan 'e reuzen seach om. It wie hwat bryk gong mei 't graven fan 'e feart. "A - krom!" sei er. Guon hearden dat. Doe krige dat doarp de namme fan Akkrom.
nl.verhalenbank.24939
Hearke wie in hiele greate lange keardel. Fuotten as fan in reus. Alles wie dûbel oan him (allemaal onjuist A.A.J.) Syn frou wie ek sa great (allemaal onjuist A.A.J.)
nl.verhalenbank.22884
Yn Akkrum, dat doe noch gjin namme hie, wie in reus oan 't slatten. Dêr krige er 't bot fan yn 'e rêch. Dat kom om't er hyltyd krûm stien hie ûnder 't slatten mei in bollepream. Doe sei er: "Ah... krom!" It plak krige doe de namme Akkrom. (Der wurdt ek forteld, dat twa reuzen dêr ris mei in kanael oan 't graven wienen. De iene seach achterom. 't Kanael...
nl.verhalenbank.33046
Der wienen twa reuzen, dy hienen 't o sa drok hawn togearre. Doe leunden se ergens yn in doarp tsjin 'e tsjerketoer oan. Mar dy toer bijoech him ûnder it swiere gewicht. De toer bruts. Doe krige dat doarp de namme Britsum. In skoft letter wienen dy reuzen wer warch. Dêr wie èk wer in toer, in mânsken-ien. Dêr gongen se tsjin oan stean. Dy toer bleau...
nl.verhalenbank.33045
Sa hat Wargea syn namme ek oan in pear reuzen to tankjen. Dy hienen it drok hawn en rêstten even út tsjin 'e toer. "Ik ha in warge lea", sei ien. Doe't de minsken dat hearden neamden se dat doarp Wargea.
nl.verhalenbank.24940
Ik wie fjirtsjin jier. Us heit lei yn 't sikenhûs yn Grins. Dêr is er doe letter stoarn. Wy hienen dy deis praters hawn: in âldere suster fan myn lettere frou mei de man. Sy moesten gâns in ein rinne en woenen graech dat wy har in eintsje fuortbrochten oan Blauhûs ta. 't Wie min waer, 't waeide en reinde. Dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane oan 't...
nl.verhalenbank.29389
6