Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
38 results
Place of Narration: Opende Narrator Gender: male
Hjir yn 'e Parken spoeken wite wiven en dat wie ek yn 'e Rottefalle it gefal.
nl.verhalenbank.27145
Oan 'e Spoekloane by Drachtster Kompenije sweve wite gedaenten troch de beammen hinne.
nl.verhalenbank.27153
Yn Lukaswolde spoeke in swart hynder by Willem de Klein. Guon ha 't dêr wolris sjoen.
nl.verhalenbank.27150
Op 'e Keale wei spoeke ek in hynder.
nl.verhalenbank.27151
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
nl.verhalenbank.31913
Soks mat hjir ekris yn de Pein foarfallen wêze. Doe wie der ien yn in wyt lekken, dy't in oaren ien bang meitsje woe. Doe't dy oare der oan kom wied er stean bleaun en hie sein: "Ik bin net bang foar dy iene wite, mar foar dy swarte, dy't der achter stiet." Doe wie dyselde mei 't wite lekken om 'e kop hiel hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.27335
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap. Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?" "It sweeft", sei de soan. "Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Hounen mei stippen boppe de egen binne spûkgûlers. As se oan 't spûkgûlen binne komt der in deaden.
nl.verhalenbank.26300
Op 'e Feansterheide by Folkert en Klaes rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeket dêr.
nl.verhalenbank.27134
Der wenne by Saaxum yn Grinslân in boer, dy koe de doarren noait fêst hâlde. As hy se ticht die, se gongen altiten fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.26917
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.27154
Op 'e Grinzer Klaei wienen spoekskuorren. Der wienen plakken, dêr woarden jy nachts samar omrolle of fuortgoaid.
nl.verhalenbank.27157
De kant nei Jistum út spoeket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.27874
Oan 'e Iesterwei achter Doezum rint tusken tolwe en ien yn 'e nacht altyd in bolle mei it ket achter him oan.
nl.verhalenbank.25980
Wite wiven spoekje hjir net, wol yn Drinte op 'e heide.
nl.verhalenbank.26899
Op 'e Klontsjebuert ûnder de Pein is 't net plûs. Dêr spûket it.
nl.verhalenbank.25983
As in houn spûkgûlt, komt der meastal in sterfgefal. Net altyd.
nl.verhalenbank.24130
Op 'e lange loane tusken de Pein en 't Fean yn, dêr roan in bigge sûnder kop. Forskeidene lju ha him sjoen.
nl.verhalenbank.26903
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
38