Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir yn 'e Parken spoeken wite wiven en dat wie ek yn 'e Rottefalle it gefal.
Oan 'e Spoekloane by Drachtster Kompenije sweve wite gedaenten troch de beammen hinne.
Yn Lukaswolde spoeke in swart hynder by Willem de Klein. Guon ha 't dêr wolris sjoen.
nl.verhalenbank.27150
Op 'e Keale wei spoeke ek in hynder.
nl.verhalenbank.27151
Bij Visvliet is een plaats, doar stoan de deuren altyd los. Die kunnen se nachts niet fasthoudn.
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
Soks mat hjir ekris yn de Pein foarfallen wêze. Doe wie der ien yn in wyt lekken, dy't in oaren ien bang meitsje woe. Doe't dy oare der oan kom wied er stean bleaun en hie sein: "Ik bin net bang foar dy iene wite, mar foar dy swarte, dy't der achter stiet." Doe wie dyselde mei 't wite lekken om 'e kop hiel hurd útnaeid.
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap.
Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?"
"It sweeft", sei de soan.
"Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
Hounen mei stippen boppe de egen binne spûkgûlers. As se oan 't spûkgûlen binne komt der in deaden.
nl.verhalenbank.26300
Op 'e Feansterheide by Folkert en Klaes rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeket dêr.
Jo matte noait hwat bilove oan ien dy't op stjerren leit. Hwant as jo der net oan foldwaen kinne, dan komt dyselde letter wer.
Jelle en Tryntsje wennen yn in húske, dêr wie froeger in berntsje yn formoarde woarn. Letter wie dat berntsje dêr altyd. Dan dânse 't om 'e stile hinne yn 't achterhûs.
Jelle Tryntsje hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.26336
Der wenne by Saaxum yn Grinslân in boer, dy koe de doarren noait fêst hâlde. As hy se ticht die, se gongen altiten fansels wer iepen.
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou.
Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns.
Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om.
Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
Gaatske Gjeltema (Opeinde) fortelde: "Ik en myn broer waren op een nacht onderweg west. We waren al weer flak by huus. 't Was moai lichtemoanweer.
Toen was er ynienen in 'e barm in hiel moai luttich meiske. Wy sien der beide noar, kijken even op en weg is 't.
Myn dochter het in Oudkerk woond in Friesland in in huuske oan de Rolledijk. 't Was in spookhuuske. 't Hoorde bij in boereploats. Joop, hoar man, was doar boerearbeider.
Wat se in dat huuske beleefd hè is met gien pen te beskrievn.
De Rolledyk loopt fan 't dorpke Oudkerk de landen in. 't Is in klinkerweggetje.
De deuren gingen doar somaer fansels open op...
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
Op 'e Grinzer Klaei wienen spoekskuorren. Der wienen plakken, dêr woarden jy nachts samar omrolle of fuortgoaid.
nl.verhalenbank.27157