Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
35 results
Place of Narration: Kootstertille
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme. Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
Yn Ljouwert spûke in wite dame.
nl.verhalenbank.29563
Hjir yn 'e buert hat in hûs stien, dêr spûke it yn. Dêr roan nachts in frommes troch hinne.
nl.verhalenbank.29699
Froeger gong it paed wol gauris oer in tsjerkhôf hinne. Der wienen us twa dy woenen ien bang meitsje. Se wisten dat dyselde dêr lâns komme soe. Sy gongen boppe op elkoar stean, elk mei in lekken om, by de muorre op. Doe sei deselde, dy't dêr lâns kom: Ik ha wol us twa boppe op elkoar stean sjoen, mar noait dêr noch in trêdden boppe op. Doe woarde de...
nl.verhalenbank.29294
By de Bosk yn 'e Harkema roannen twa neakene bern. Der woarde altyd foar warskôge, dêr moest men net lâns gean. Dy bern wienen dêr formoarde, wie 't sizzen altyd. Dy wienen hjir of dêr bistoppe. Dy koenen de rêst net krije.
nl.verhalenbank.22312
As wy froeger yn 'e Westerein útfanhûs wienen, seinen se: "Tink der om, dêr en dêr dat paedtsje net lâns komme, hwant dan komt der jim in famke tsjin mei in read skelkje foar." Dat fanke wie fordronken en spûke dêr letter om.
nl.verhalenbank.32669
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
Der hie ek us in spoek oan 'e âlde reed op in molkbus sitten mei in aengesicht foar. Feikje koe net sjen of it in frommes of in man wie.
nl.verhalenbank.22310
De frou út Hoensbroek, dêr't ik it nyskes oer hie, doarst nei tolven net by 't tsjerkhôf lâns, hwant, sei se, dan spoeken de geesten dêr om.
nl.verhalenbank.32670
Op 'e Spûkloane yn Opperkoaten roan èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy kom ús achternei, seinen se, as wy net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.32672
Yn 'e Koaten hat jierrenlang in hûs leech stien. Dat wie it hûs fan Fokke Radema. Yn dat hûs spoeke it altyd, seinen se. Dêr doarst net ien yn. De doarren gongen fansels iepen en ticht en der roannen nachts guon yn om.
nl.verhalenbank.20680
Doe't ik in jonkje wie fan in jier of fiif, seis, nou sa'n tachtich jier lyn, hearde ik fortellen, dat der yn it boskje op Koatstermoune altyd in swarte juffer spoeke. Dat is my altyd bybleaun.
nl.verhalenbank.20854
Beppe hat by in boer yn Grinslân tsjinne. Dêr wienen in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint doarst der wol to wêzen, dy wie de brutale kant neist en stie suver foar neat. Op in kear woe de greatfeint him bang meitsje. De greatfeint brocht it hynder nei 't lân ta, doe wie 't al skimerich. Werom moest er oer in barte, dy't oer in brede sleat hinne lei....
nl.verhalenbank.29293
In frou fan Burgumerheide fortelde my, yn har bernejierren wennen hja yn in spitkeet, dêr't in paed by lâns roan. Dat paed, dat wie de Lykwei. Dêr spûke it altyd. Net ien doarst dêr by joun lâns, hwant dêr roan in wyt hynder mei in rizenbrijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29690
Yn Twizel, yn 't Waeigat - dat is tusken de suvelfabryk en de herberch 'De witte kannen' roan froeger in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. As wy as bern jouns let noch bûten wienen, seinen se tsjin ús: "Tink der om, hear, oars pakt de fôlle mei de brijpot jim."
nl.verhalenbank.32671
Yn 't Godloas tolhûs - dat wie froeger in âld húske - dêr wennen twa âlde froulju yn. De wei dêrnjonken rint fan 'e Falom nei Ikkerwâld. Dy froulju hienen aerdich hwat sinten en sy hienen ek in hiel fjild mei skiep. Om sahwat 1870 hinne ha se dy beide froulju formoarde en de sinten stellen. Sûnt spûket it dêr.
nl.verhalenbank.21592
Hjir tichteby op Mûntsjetille wenne in frou, dat wie Feikje Postma. Dy wie troud mei Albert Alma. Hja is in pear wiken lyn stoarn. Op in joun sei se: "Ik haw in spoek sjoen. 't Is in frommes. Hja rint altyd oan myn hûs ta, fan 'e feart ôf. Ik sei tsjin Albert: - Ik wol har hjir net langer ha - Doe is Albert der út gong, achter it spoek oan. Wy ha 't...
nl.verhalenbank.22309
Spûkgûlet in houn dan giet er mei koartens ien dea.
nl.verhalenbank.36763
Yn 'e Koaten roan froeger in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29290
To Hurdegaryp stie froeger in hekke, dy't altyd fan sels iepen gong.
nl.verhalenbank.29559
35