Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
55 results
Place of Narration: Augustinusga
Saekje-moai-mei-de-kape spûke hjir yn 'e lânnen. Sy gong nei 't djip ta en dan by de wâl lâns. Oan 'e súdkant fan 't djip hâldde se ta.
nl.verhalenbank.25308
Spoeken binne skiters, se komme altyd by nacht.
nl.verhalenbank.12545
Wy wienen fan dy jonge baeskes. Wy moesten allegear tagelyk út 'e broek. Wy gongen 't lân yn. Wy hienen krekt de broek los of dêr kom in wite dame oan. Dy kom op ús yn. 't Wie in spoek. Wy binne allegear nei de wei ta roan mei de broeken los.
nl.verhalenbank.21975
Myn buorman hie us west to jounpraten. Hy wie sa'n fyftich jier âld. Hy stapte de wei del. En doe kom er op in plak dêr wie in gloppe yn 'e wâl. Dêr groeide gjin beammeguod. Doe kom dêr hwat út dy gloppe wei - it wie in gestalte en hie in gesicht. Sahwat as dat fan in frommes, fortelde buorman letter. Dy gestalte kom op him ta. Dy kom al tichter en...
nl.verhalenbank.21974
Us mem fortelde, der hie ris in sterfgefal yn Stiensgea west. De man wie allinne oerbleaun. Elke joun, om in ûre of acht hinne, kaem der ien by him yn 'e hûs by de leider del. Dat koe dy man op 't lêst net langer úthâlde en hy helle dûmny der by. Dy seach doe deselde skime, dy't by de leider del kom. Doe sei dûmny: "Als gij van God zijt, kom bij mij, zo...
nl.verhalenbank.32713
Hwat ik nou fortel gebeurde sahwat yn 1912. Myn man syn suster dy wenne op 'e Tike. Sy hie forkearing mei ien, letter is se mei him troud. Op in kear, op in snein-to-joun, soed er nei har ta. Hy hie in revolver by him. Dat dienen se doe wol mear. Hy moest troch in boskje. Doe seach er dêr yn 'e bosk in wyt ding. Hy tocht: "Hwat wyt ding is dat?" Hy sei:...
nl.verhalenbank.22745
Op 'e Turfloane yn Stiensgea dêr seagen se wol us hwat. Der wie in boerefeint, dy tsjinne by in boer yn 't West. Dy moest alle moarnen dêr hinne en dan moest er de Turfloane del. Hy wie sa'n twintich jier. Mar doe is 't in kear of hwat gebeurd dat der hwat foar him lâns gnoarre. 't Hie in protte fan it lûd fan in baerch. Dat bleau by him de hiele loane...
nl.verhalenbank.21850
Yn 't Wêst fan Stiensgea spoeke jouns altyd in grouwe reabonte houn. Dy roan flak by de minsken lâns. Mar hy die har neat.
nl.verhalenbank.23755
Doe't Boele Ytsma dea gong, doe sei er tsjin syn buorman: "Ik gean fuort, mar oer fjouwer wiken kom ik wer." "Dan moast by my oankomme", sei syn buorman. Mar hy woe wol dat er dat net sein hie. Sûnt dy tiid wied er deabinaud. Mar Boele kom net wer.
nl.verhalenbank.32722
By Wopke Reitsma, de Loane út wei kom ek in spoek, dat mei de earms oer de hekke leune. Dat spoek die neat. In soad minsken hat it dêr sjoen.
nl.verhalenbank.12544
Us pake wenne yn de Ham. Hy soe ris nei Stiensgea ta to jounpraten. Hy roan oer Readskuorre, dêr't er oer de houtsjes soe. Doe kom dêr in jongfrommes oan dat him foarby sweefde. Pake sei: "Goejoun." Sy sei neat. Pake seach ûnder har troch. Mar hy wie net bang.
nl.verhalenbank.12546
By de kastanjebeam, oan 'e oare kant Geart van der Velde, wie in spoek, dat de lju kearde.
nl.verhalenbank.12543
Heit kom us op Koatstertille. Doe kom er in hiele grouwe houn tsjin mei greate gleone egen. Hy hat noait witen hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.22736
Der wie ris in boerefeint, dy sei: "Ik bin foar de duvel net bang." De jouns moest er it hynder yn 't lân bringe en doe gong er oer in planke werom. Dy planke lei oer in feart. Hy hie de teugel yn 'e hân. Doe siet dêr op dy plank in wyt ding. De boerefeint sei: "Ut de wei!", mar dat ding forroerde him net. Doe joech dy feint dat ding in klap mei de...
nl.verhalenbank.37408
To Stiensgea wennen twa bruorren, dy buorken togearre. Op in kear moesten dy beiden nei Surhuzum ta to melken. Dêr hienen se it fé rinnen. Sy wennen achter de Bosk. 't Wie doe noch in sânpaed, nou is it in forhurde wei. Hja sieten togearre op 'e wein. Doe sweefde der samar ynienen in frommeske njonken har lâns. Sy sei neat en bleau de beide bruorren...
nl.verhalenbank.32720
Hjir yn Stiensgea wennen twa âlde feinten, dat wienen Albert en Ate. Dy wienen boer. Sy dienen alles togearre. Se hienen lân yn Surhuzum. Alle moarnen gongen se mei in jok mei amers op 'e nekke to melken. Sy gongen de reed by de skoalle del. Op in kear, doe wienen se noch mar in lyts eintsje fuort, doe seach Ate dat der ien flakby op 'e oare kant fan 'e...
nl.verhalenbank.21852
By 't Pypke (by de grifformearde tsjerke) fan Stiensgea spoeke it.
nl.verhalenbank.34534
Age Bruining fan Kollum hat my ris forteld: Yn Kollum wie in frou stoarn. De man bleau as widner allinne achter. In wike of seis letter yn 'e nacht woarde er wekker fan gestommel. Hy tocht: dêr is hwat. Doe stie syn frou by de tafel. Doe hat er har nei bûten ta brocht en doe wie hja fuort gien. Dizze minsken wennen yn 'e kloanjes to Kollum.
nl.verhalenbank.36361
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn. Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Tsjerk Kooistra kaem wolris by ús âlden to jounpraten, en dan hied er it in bulte oer spoekjen. Hy fortelde op in kear, hy soe ris op in joun to praten. Hy moast troch in hekke hinne. Doe stie dêr in âld minske by dy hekke. Hy seach fuort wol dat it net doogde, mar hy sei tsjin har: "Hwa mat der earst troch: ik of jo?" Mei't er dat sein hie wie se...
nl.verhalenbank.37086
55