Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: naakt Place of Narration: Harkema
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298
Op 'e Roekekamp spoeken trije neakene lytse berntsjes.
nl.verhalenbank.23677
Hjir yn 'e Homear woarden nachts altyd twa lytse neakene berntsjes yn in kroade hinne en wer riden. Dy kroade gong soms hiel hurd hinne en wer, krekt as woarde der mei dy bern boarte.
nl.verhalenbank.27291
By glêdde Klaes yn 'e Bosk (yn 'e Harkema) hat in húske stien. Dêr spoeken altyd twa neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.22095
By de Pauloane, yn 'e Smoarhoeke ha se neakene berntsjes omrinnen sjoen, dy't net rêste koenen. Dy wienen al forstoarn. Dat wie ek sa yn Boelensloane en yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.28609
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
By de Krúswei spoeke in neakene keardel.
nl.verhalenbank.27292
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
Op 't Bomkleaster roannen /spoeken froeger altyd twa neakene berntsjes om. Doe ha se der in dûmny by helle om dy berntsjes oan to sprekken. De dûmny frege hwat se bigearden. En doe seinen se, dat se hienen gjin deaklean meikrigen. Doe hat de dûmny der foar soarge dat dy der kamen. Doe ha de berntsjes har net wer sjen litten.
nl.verhalenbank.17392
Dêr't nou it foetbalterrein is yn 'e Harkema, roan froeger in paedtsje oer it lân. Dêr ha se wol us twa neakene wiven sjoen, dy't dêr omspoeken.
nl.verhalenbank.27416
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
nl.verhalenbank.17707
Twa bruorren: Piter en Knjillis Alma fan 'e Harkema hienen ris op in nacht to murdzjen west. De hounen hienen se by har. Dy hounen hienen foet hawn fan in murd. Dy hounen wienen jammerjend wer op har ynkom, sa bang hienen se west. Doe hienen Piter en Knjillis sein: "Hwat mankeart dy hounen?" Sy waerden sels ek in bytsje bang. Doe sei de iene: "Sjoch dêr...
nl.verhalenbank.29352
Myn skoanmem wie us yn 'e buert fan 'e staetsskoalle. 't Wie op in joun. Doe seach se twa neakene berntsjes. Doe woarde se in hiel ein oan kant smiten. Dy berntsjes koenen de rêst net fine. Dy moesten dêr lâns. Myn skoanmem moest rûmte jaen. Dy berntsjes hienen gjin leedguod meikrige.
nl.verhalenbank.26229
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema, tichte by 't hûs fan Fokke en Syts wie froeger in âld dykje. Us mem en âlde Wyts kamen dêr togearre ris by nacht lâns. Doe seagen se twa neakene berntsjes, dy gongen oer de dyk. Mem hat it faek forteld. "Wy wienen sa bang," sei mem, "dat wy doarsten der hast net nei to sjen." Doe't dy twa berntsjes oer de dyk wienen, sei...
nl.verhalenbank.29327
To Wergea tsjinnen in feint en in faem by de boer. It praetsje gong dat it dêr spoeke op dy plaets, en dêr wie de faem deabinaud foar. It gebeurde yn 'e simmer op in moarntiid ier en bitiid. De feint wie mei de dongwein op 'e rin (= hy wie yn 'e skiterij). Alhielendal neaken roan er nei 't húske ta. De faem, dy't der ek al yntiids ôf wie, seach him...
nl.verhalenbank.27739
15