Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: verdwijnen Place of Narration: Twijzelerheide
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei: "Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk." It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan. It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort. (in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
Op in joun kaem ik út 'e jounskoalle. Ik wie in jonge fan in jier of tolve. Ik moest de reed del nei 't Wyldpaed ta. Dy skoalle dat wie in hiel ein fan hûs ôf. Ik wie midden op 'e reed. Der wie in daem yn 'e dyk. Ik moest dy daem foarby. Yn dy daem sjitte hwat yn 'e dyk om. 't Wie sa piktsjuster, dat ik koe neat sjen. Doe kaem it by my. It kaem deun oan...
nl.verhalenbank.38630
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar. Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen. Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke. Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Nachtmerjes, plichte ús mem to sizzen, dy kinne troch 't gat fan in flesse hinne. Men kin se 't bêste keare mei roggemoal. Hwant rogge is heilich. It wie yn 'e simmer en tige soel. Doe't it bêdgongerstiid woarde, sei heit: "Ik gean oer de flier lizzen, 't is my to binaud yn 't bêdsté." 't Wie ljochtmoannewaer en heit koe alles bûten sjen. Doe seach er...
nl.verhalenbank.20110
5