Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
464 results
Dutch Keywords: spookplaats
Yn 'e Bosk yn 'e Kule yn 'e Westerein rint nachts in wyt wiif om, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.24574
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298
Oan 'e dyk to Readtsjerk spûken wite wiven, nei't se seinen. Dy dounsen dêr nachts om.
nl.verhalenbank.32288
Froeger spoeke it op 'e Skeanpaden achter de Rottefalle. Dêr ha se yndertiid in berntsje formoarde. Dat berntsje spoeke dêr letter by 't houtsje.
nl.verhalenbank.25455
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684
Hjir yn 'e buert hat in hûs stien, dêr spûke it yn. Dêr roan nachts in frommes troch hinne.
nl.verhalenbank.29699
By de Simmerdyk oan 'e Klaes Piersreed (Burgumerheide) roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet gjin sleef yn 'e brijpot.
nl.verhalenbank.20333
Op 'e Hearrewei tusken Nyegea en Sumar spoeke froeger in frommes, dêr wienen in hiele bult lju bang foar. Hja wie alhiel yn 't swart klaeid.
nl.verhalenbank.25049
Op 'e Boppewei spûke de âlde hear. Dêr siet earne in skat yn 'e groun, dêr't hy op ta gong.
nl.verhalenbank.31994
It âlde Talma-hûs to Feanwâlden is in spookhûs. Dêr hat alear in notaris yn wenne, mynhear de Clerq. Myn omke (Albert-om) wie dêr húsfeint. Dy fortelde, dêr spûke altyd in frou, in dame, yn dat hûs om.
nl.verhalenbank.31017
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Yn Garyp, tusken de Sumarrehoeke en it eigenlike doarp spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20278
Oan 'e Folgersterloane is in sydweike, tichte by de Noarderdwarsfeart. Dêr spoeke froeger in grouwe swarte houn. 't Wie in pleachbeest. Dat wie oan 't spoekeloantsje.
nl.verhalenbank.27261
By 't Spûkeloantsje by de Langeastloane to Eastemar rint altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals neffens it sizzen. As jo dy fôlle yn 'e wei rinne wurde jo oerside set. Ek op 'e Mûzegroppewei rint sa'n fôlle mei in brijpot, en ek op 'e Drifte.
nl.verhalenbank.28807
By de Parsingel to Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20490
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
Yn 'e Boelensloane op in daem, dêr't it wetter fan in wyk de Wide Pet yngong, der spoeke it. It wie hwat, dat makke rare geluten, 't hie rokken oan. Guon seinen, 't wie in keardel.
nl.verhalenbank.24226
Hjir spoeken ek wol berntsjes om dy't gjin rêst founen nei de dea. Dy dounsen nachts om in skuorstile om.
nl.verhalenbank.24241
Pake dy kom us op in joun fan Drachten. Hy soe wer nei de Kompenije ta. Doe seach er op 'e Schwartzenberchloane in wyt ding foar him útsweven. It wie in hiele kamp lân fóár him. Doe gong it oer de wyk en fuort wie 't.
nl.verhalenbank.22181
Der waerd sein dat der nachts tusken Blaufallaet en Bûtenpost in frommes yn in regenkleed omspûke.
nl.verhalenbank.31115
465