Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: spookplaats water
Yn 'e Burgumer Mar wie in spoekachtich ding yn minskegedaente. Dat riisde dêr út it wetter op. It wie in great ding.
nl.verhalenbank.21861
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
nl.verhalenbank.24548
By Iesumesyl leit de Guozzepôlle. De sédyk makket dêr in ring nei Dokkumer Nijesilen. Op dat ein is in putting (=wetter). Dêr wie altyd in keardel oan 't reedriden likegoed by 't simmer as by 't winter. Men hearde him altyd omdraeijen. Dan sette er de streken yn 't iis. Dat gong sa hyltyd mar hinne en wer. 't Wie in spoek fansels.
nl.verhalenbank.32761
Fan 't Blauhûs oan 'e plaets fan Sierd Pool ta dêr spoeke ek in hiele dikke, swarte houn. In soad minsken ha him sjoen. Dat wie ek in pleachbeest. As de minsken oer de side seagen, woarden se de sleat yn goaid. Sy moesten stil foar har útsjen.
nl.verhalenbank.27262
Yn Garyp wie in paedstje fan Brandsma's plaets nei de Inia-wei. Oer de sleat lei in greate wylgemûs. Dêr spûke it altyd. Dy beam wie trochsage troch de duvel. It iene stik siet in bult takken op dy't dêr oan groeiden, it waerd altyd neamd Bucheltsje-hout. Dy't oer dat houtsje stapte by nacht waerd yn 'e sleat reage. Dêr doarst men by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.32068
Op 't Blaufallaet, tichte by de brêge, farde ris in skipper. Doe kom der fan 'e wâl in hiele grouwe swarte houn mei gleone egen, dy plompte yn 'e feart. 't Wie krekt foar it skip - oan 'e oare kant kom er wer út 'e feart.
nl.verhalenbank.22753
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander. Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard. Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
By de Krúswetters hienen jy de langesleatterman. Dy spûke dêr. Net in skipper doarst it skip dêr fêst to lizzen. Nachts waerden de skippen losmakke troch de lange-sleatterman. Dy smiet de ankers op it dek fan it skip.
nl.verhalenbank.29498
8