Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: spookplaats nacht sterven
Hjir spoeken ek wol berntsjes om dy't gjin rêst founen nei de dea. Dy dounsen nachts om in skuorstile om.
nl.verhalenbank.24241
Op 'e Sumarreheide wie in boereplaets, dêr dounsen nachts neakene berntsjes om in skuorrestile hinne. Men woe wol ha dat dy berntsjes dêr formoarde woarn wienen en de rêst net fine koenen.
nl.verhalenbank.30351
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
nl.verhalenbank.31913
De kant út nei Kûkherne, oan 'e Noardkant, dêr wie froeger in bosk en dêr spoeken by nacht twa famkes. Der waerd sein, dat dy dêr formoarde woarn wienen. Ik haw wolris fortellen heard dat dy famkes forgroeid (oan elkoar groeid) wienen. Guon seagen der tsjin oan om dêr jouns lâns to gean.
nl.verhalenbank.29797
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
De frou út Hoensbroek, dêr't ik it nyskes oer hie, doarst nei tolven net by 't tsjerkhôf lâns, hwant, sei se, dan spoeken de geesten dêr om.
nl.verhalenbank.32670
De lange Sleatterman hat froeger yn Earnewâld wenne. Hy is fordronken yn 'e Krúswetters en sûnt spûket er noch by de Saiter om. As dêr in skip lâns komt yn 'e nacht, dan stapt er op it skip en dan giet dat skip ûnder. Dêrnei giet er nei de oare kant. Hy brûkt dus sa'n skip as brêge. Skippers doarre dêr net lâns to farren by nacht.
nl.verhalenbank.30333
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Wy gongen froeger wol nei Grinslân ta to wjûden en to flaechsteppen. Op in kear wienen wy by in boer yn Uthuzermeden. Us mem wie der ek by. Wy moesten sliepe yn in skuorre, dêr doochde it net. Dêr wie ris ien formoarde woarn yn dy skuorre. Der wie in bipaeld plak, dêr koe net in minske lizze. Mem wist dat net, dy soe dêr lizzen gean, doe sei Karste Lamke...
nl.verhalenbank.30391
9