Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: spookplaats durven nacht
It Bucheltsjehout doarsten se by jountiid en by nacht ek net lâns. Dêr spûke it ek.
nl.verhalenbank.32202
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
Op 'e Boppewei ûnder 'e Westerein spûke it earme hearke. By de Skilige Piip wie er meast to sjen. Dêr doarsten se by nacht ek net lâns.
nl.verhalenbank.29708
De frou út Hoensbroek, dêr't ik it nyskes oer hie, doarst nei tolven net by 't tsjerkhôf lâns, hwant, sei se, dan spoeken de geesten dêr om.
nl.verhalenbank.32670
De lange Sleatterman hat froeger yn Earnewâld wenne. Hy is fordronken yn 'e Krúswetters en sûnt spûket er noch by de Saiter om. As dêr in skip lâns komt yn 'e nacht, dan stapt er op it skip en dan giet dat skip ûnder. Dêrnei giet er nei de oare kant. Hy brûkt dus sa'n skip as brêge. Skippers doarre dêr net lâns to farren by nacht.
nl.verhalenbank.30333
Froeger wie der yn 'e Burgumerheide oan 'e greate strjitwei in dikke peal, dêr stie nûmer fyftsjin op. Dêr wie in loantsje, dat gong nei de bosk ta, dêr spûke it altyd, seinen se. In soad minsken fan Burgumerheide doarsten der by joun en yn 'e nacht net lâns.
nl.verhalenbank.24929
Yn dyselde skuorre gebeurde it earder us dat der in hiele protte minsken yn slepten. Dat kom trochdat der minsken by wienen, dy hienen har bern meinom. Der woarde doe ek al warskôge: "Tink der om, net by de wite doar sliepe!" Mar der wie ek in âld minske by de sliepers, dy wie mei de helm geboaren. Dy sei: "'t Hindert neat, ik let wol op." Dat doe kommen...
nl.verhalenbank.19706
8