Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: revenant Place of Narration: Harkema
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301
By glêdde Klaes yn 'e Bosk (yn 'e Harkema) hat in húske stien. Dêr spoeken altyd twa neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.22095
Der mat hjir us in frou stoarn wêze, dy krige in deakleed om, dat wie har to lang. Dêr kom se mei yn 'e kiste en yn 't graef. Mar it minske koe de rêst net krije. Sy kom út it graef wei en gong nei 't hûs fan de man en dan sei se: "'t Is to lang." Dan die se de boppedoar iepen en dêr stie se dan oerhinne. Doe sei de man op in kear: "As 't to lang is, smyt...
nl.verhalenbank.24341
Op 't Bomkleaster roannen /spoeken froeger altyd twa neakene berntsjes om. Doe ha se der in dûmny by helle om dy berntsjes oan to sprekken. De dûmny frege hwat se bigearden. En doe seinen se, dat se hienen gjin deaklean meikrigen. Doe hat de dûmny der foar soarge dat dy der kamen. Doe ha de berntsjes har net wer sjen litten.
nl.verhalenbank.17392
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Ien omke fan myn wiif is by de Langewyk yn 'e bosk formoarde woarn. Hy hie in buchel en hiet fan Tsjerk. Myn swager gong us mei myn broer mei in kroadfol baelders nei Feansterheide. "Heit," sei myn swager, "hwa is dêr?" Doe wie dat Tsjerk, dy't njonken har gong. Tsjerk wie doe al in jier dea, mar sy herkenden him beide tige skoan. "Stil jonge", sei...
nl.verhalenbank.21930
8