Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: moeder Place of Narration: Twijzelerheide
Yn 'e Harkema wie in famke stoarn. Dat bern hie in to koart bierkleed meikrige en doe koe it de rêst net fine. Doe kaem it jouns altyd to spûkjen by har heit en mem. Doe ha dy der in doomny by helle. Dy hat it bern oansprutsen. It bern moest in langer bierkleed ha. De âlders ha der foar soarge dat dat der kaem en doe hat de doomny dat langere bierkleed it...
nl.verhalenbank.10693
Op in kear doe lei ik op bêd. Doe seach ik ynienen de trije famkes, dy't wy forlern ha, by de tafel sitten. Ik sei: "Heden, binne jimme dêr?" "Ja", seinen se en sy laken. "Wy soenen mem helje." "Ik wol net mei", sei 'k. "Dat jowt mem neat. Mem màt mei", seinen se. "Ha jim 't goed?" frege ik de bern. "Ja," seinen se, "folle better as mem. Kom nou mei." Ik...
nl.verhalenbank.21991
Myn mem wenne by har âlden yn in âlde spitkeet achter 't âld tsjerkhôfke fan Twizelerheide. Us mem kaem út 'e keet wei en stapte de heide oer. Doe wie 't tsjuster. Doe stapte der in hiel lyts mantsje njonken har de reed del. Us Antsje-muoi wenne in lyts eintsje fierder. Dêr kaem mem ta de doar ynfleanen. "Dêr is in mantsje by my," rôp se, "en dat wurdt...
nl.verhalenbank.38631
Us mem hie to praten west nei har swager. Doe't se dêr wie spûkgûlde dêr in houn. 't Wie yn 'e Westerein. Wylst dy houn spûkgûlde wienen der twa froulju oan it sjongen. Doe sei mem tsjin dy froulju: "Jimme matte ophâlde fan sjongen hwant de houn sjocht hwat." 't Wie èk sa, de houn seach in lykstaesje. Twa wiken letter forstoar dêr mem har swager (in broer...
nl.verhalenbank.38332
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich. De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter. Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde. As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan. Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
5