Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: kerkhof Place of Narration: Twijzelerheide
Der wienen ris twa man, dy woenen ien bang meitsje. Sy seinen tsjin him: "Doarstû by nacht wol allinne op it tsjerkhôf to kommen?" "Wiswol," sei de man, "hwerom net?" Doe praetten se ôf, dy nachts om tolve ûre soe dy man oer 't tsjerkhôf rinne. Die er it, dan krige er in flesse drank; as hy der foarom krûme, dan moesten hja in flesse drank ha. It paed...
nl.verhalenbank.28536
As der ien stoarn wie en dy hie noch in bigearte, dan oppenearre sa'n ien him letter. Dan moesten se datselde, hwat er bigearde, op it graef dellizze. 't Wienen yn 'e regel klean.
nl.verhalenbank.28439
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept. Doe kaem se to forstjerren. Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
Myn mem wenne by har âlden yn in âlde spitkeet achter 't âld tsjerkhôfke fan Twizelerheide. Us mem kaem út 'e keet wei en stapte de heide oer. Doe wie 't tsjuster. Doe stapte der in hiel lyts mantsje njonken har de reed del. Us Antsje-muoi wenne in lyts eintsje fierder. Dêr kaem mem ta de doar ynfleanen. "Dêr is in mantsje by my," rôp se, "en dat wurdt...
nl.verhalenbank.38631
Us heit is ris op in nacht de Lytse Wei lâns kom (tusken Harkema en Droegeham) mei trije skiep, dy't er nei Koatstertille bringe soe. Dat wie midden yn 'e nacht, hwant de Tilster boat farde om twa ûre al fuort nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e hoeke ta wie fan 'e Lytse Wei, dêr't nou de fytsmakker Pier Haga wennet, fornaem er hwat. Hwatte, dat wist er net,...
nl.verhalenbank.10679
5