Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: kerkhof Place of Narration: Drachten
Twa jongkeardels woenen us in kear ien bang meitsje. It paed gong oer 't tsjerkhôf, dêr moest dyselde lâns. Dat wisten dy jonges. Sy hienen elk in wyt lekken omslein en sa gongen se tsjin 'e tsjerkemuorre oan stean, de iene boppe op 'e oare. Doe wie dyselde der oan kom. Hy wie stean bleaun en hie sein: "Twa ha 'k wol gauris op elkoar sjoen, mar dêr noch...
nl.verhalenbank.24945
Der roan in paed oer 't tsjerkhôf hinne. Der wie in dokter dy moest dêr jouns altyd sahwat om deselde tiid lâns, as er fan 'e pasjinten werom kom. Doe wienen dêr in pear biisfeinten, dy woenen de dokter ris to grazen nimme. Der lei in bartsje oer de droege sleat hinne en dêr gongen dy beiden ûnder lizzen. Sy soenen beare dat se liken wienen. Doe't de...
nl.verhalenbank.33108
Sahwat midden op 'e Rottefalster skeanpaden, tichte by 't nije tsjerkhôf, spoeke nachts altyd in neaken berntsje.
nl.verhalenbank.26153
By 't nije tsjerkhôf fan Surhústerfean dêr spoeke altyd in man om mei in koekekoer mei koeken yn 'e earm. Guon wienen dêr deabinaud foar.
nl.verhalenbank.19621
Durk Pultrum hat kastlein west yn Houtigehage. Letter wenne hy dêr net mear. Doe sei er us in kear: "As ik hjir wei brocht wurd, dan wol ik hjir noch even oan om in slokje." Doe't er dea wie en dêr lâns riden woarde nei 't tsjerkhôf ta, doe bleau it hynder stean. En doe't de koetsier it opjage, bigoun it to steigerjen.
nl.verhalenbank.22936
Der wie in man yn 'e Houtigehage oan 't jirpeldollen. Dêr wie tagelyk in fanke oan 't jirpelsykjen. De man sei: "Wy dogge joun net sa lang, hwant ik mat ek noch nei Surhústerfean ta." "O hea," sei se, "matte jo ek by 't tsjerkhôf lâns?" "Ja," sei er, "hwat soe dat?" "By 't tsjerkhôf," sei se, "stiet altyd in frou mei in koer mei koeke yn 'e earm. Dy...
nl.verhalenbank.21168
Op it Bûtenposter tsjerkhôf stienen us trije man boppe op elkoar tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Sy woenen ien kjelmeitsje dy't dêr lâns kom. Mar sy krigen har trekken thús, hwant doe't der ien oankom, bleau dyselde stean, om der nei to sjen. En doe sei er: "Hea, ik ha wol us trije op elkoarren stean sjoen, mar noch noait dêr in fjirden boven op." Doe woarden...
nl.verhalenbank.19622
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan. Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har. De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
nl.verhalenbank.23452
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Hy joech nergens om. Hy hâldde in weddenskip mei guon, dat hy doarst wol by 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta en helje dêr in deabonke wei. Deselden dy't mei him wedden, tochten: "Nou sille wy him dochs us bang meitsje." Foardat hy der wie, wienen der trije fan har nei 't tsjerkhôf ta gien. Sy hienen elk in wyt lekken om...
nl.verhalenbank.23453
9