Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: dode Place of Narration: Harkema
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
Op 't Bomkleaster roannen /spoeken froeger altyd twa neakene berntsjes om. Doe ha se der in dûmny by helle om dy berntsjes oan to sprekken. De dûmny frege hwat se bigearden. En doe seinen se, dat se hienen gjin deaklean meikrigen. Doe hat de dûmny der foar soarge dat dy der kamen. Doe ha de berntsjes har net wer sjen litten.
nl.verhalenbank.17392
As in houn spûkgûlt komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.20671
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend. It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?" Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
nl.verhalenbank.25794
Myn skoanmem wie us yn 'e buert fan 'e staetsskoalle. 't Wie op in joun. Doe seach se twa neakene berntsjes. Doe woarde se in hiel ein oan kant smiten. Dy berntsjes koenen de rêst net fine. Dy moesten dêr lâns. Myn skoanmem moest rûmte jaen. Dy berntsjes hienen gjin leedguod meikrige.
nl.verhalenbank.26229
5