Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: achtervolgen Place of Narration: Drachten
Hindrikje Scholte roan us fan Drachten ôf nei Houtigehage. Doe sweefde der hyltyd in wite gedaente mei.
nl.verhalenbank.22887
Der wenne in sekere Oosterhof op Kuzumer by Oldekerk. Hy wie in boeresoan. Op in joun let kaem er by de froulju wei. Hy stie even buten to praten mei in oare feint. Doe gong dêr in faem by harren lâns, dy wie hielendal rôse yn 'e klean. 't Like in knap jongfaem. "Kiek," sei de feint, dy't by him stie, "doar is ook nog 'n jonge meid. Die kinstou ja krekt...
nl.verhalenbank.19966
Ien út 'e Houtigehage soe nei de faem ta. Dy wenne yn Surhústerfean. Doe't er oan 'e hulzenhage ta wie - tichte by 't Blauhûs - seach er dat der in kat njonken him roan. Dy bleau hyltyd njonken him. Hy hie in stok by him en dêr sloech er mei. Mar hy sloech dwars troch dy kat hinne. Doe hied er sa fan 'e wize west, dat hy wie it hûs fan 'e faem al lang...
nl.verhalenbank.24678
In feint en in faem wennen op 'e Skieding. Sy hienen forkearing, mar it bûtere net sa bêst tusken har. Sy hienen faek spul. Op in kear wienen se oan 't kuijerjen. Doe wie 't wer mis. Sy woarden wer deilis en 't gong der frijhwat oan wei. Doe wie dêr in ding oan kom, dat wie like folle mâns as in keardel. 't Like freeslik, sa'n raer ding wie it. Dat sprong...
nl.verhalenbank.26067
Ik soe us in kear op in joun nei hûs ta. 'k Wie op 'e sintelwei, hjir yn 'e bocht. 't Wie roettsjuster. Doe wie dêr in keardeltsje. 't Wie och sa'n lyts keardeltsje. Ik sei: "Goeijenavend." Mar der kom him gjin lûd út 'e mûle. Ik die in pear stappen fierder. Doe wied er wer njonken my. Ik sei wer goeijenavend. Hy sei wèr neat. Doe taestte ik der op. Ik...
nl.verhalenbank.26060
Op in kear haw ik mei Ritske van der Meer (^) yn 't strie slept by in boer yn 'e skuorre, doe't wy op 'e klaei oan 't flaechsteppen wienen. 't Wie op in joun. Ritske fortelde, hy soe us nei syn faem Kee ta. Hy kom út syn hûs wei en doe't er sa'n trije à fjouwerhondert meter roan hie, doe kom er op 't hoekje en dêr seach er in brunich hountsje. Hy giet op...
nl.verhalenbank.23012
6