Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Place of Narration: Zwagerbosch
Der wie ien dy woe him oan 'e duvel forkeapje. Hy kom mei de duvel oerien, hy soe in lears boppe yn 'e skuorre hingje, en dy soe de duvel fol jild smite. As er fol wie, hie de duvel rjocht op syn siele. Mar de moan hie de soale der gau ûnderwei slein. Dat de duvel dy smiet mar troch. De lears rekke noait fol. Op it lêst krige de duvel syn nocht fan it...
nl.verhalenbank.20529
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait gebrek oan jild, mar om 'e sawn jier mat der ien fan har dea. Der wie in frou, dy wie mei sa'n frijmitselder troud. Sy woe him by de frijmitselderij wei ha en sy gong nei it gebou fan 'e frijmitselders ta. Dêr moest se mei in priem troch in hart hinne stekke. Dat wie it hart fan har man. Doe't se...
nl.verhalenbank.20532
As se in duvelbander brûke moesten yn Sweagerbosk gongen se ek wol nei Jonge Jan op it Wytfean en nei Wopke Kroes fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.20522
In wikseldaelder wie in ryksdaelder mei toverkracht. Kocht deselde dy't in wikseldaelder hie in poun tabak, en hy joech dy ryksdaelder, dan kaem dy wer yn syn beurs tolânne. Se moesten har oan de boaze forkeapje, dan krigen se in wikseldaelder. Stammerige Harm hie sa'n wikseldaelder, seinen se.
nl.verhalenbank.16980
Der wienen guon dy stjûrden klaverboer út om in flesse drank, as se oan 't kaertspyljen wienen. It hiet dan, dat de duvel in flesse drank brochte.
nl.verhalenbank.37725
Frijmitselers binne lju dy't har oan 'e duvel forkocht ha. Hja ha noait forlet fan jild, hwant hja ha in wikseldaelder. Dy krije se fan 'e duvel. Hja bouwe altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.37721
Frijmitselders forwinskje alles. De duvel kriget macht oer har. Mynhear Hector fan Feankleaster wie ek in frijmitselder. Hy mat in nuver útein hawn ha. Frijmitselders ha ek in wikseldaelder. Stammerige Harm wie ek in frijmitselder. As er forlet fan jild hie, hong er de lege pong mar even oan 'e doar en de oare moarns wied er fol jild.
nl.verhalenbank.17367
Us heit hat froeger ûngetide op 'e pleats to Ingelum, dy hiet "De Stiennen Ulebuorden". Dêr wenne doe in sikere Sierd van der Werf op. Hy sei by ús thús: "Ik bin nou op in pleats dy is yn ien nacht troch de duvel set woarn. Mar de ûlebuorden wolle der noait yn bliuwe."
nl.verhalenbank.17366
't Woe froeger faek net bûterje, as se oan 't tsjernjen wienen. Dan gongen se nei de duvelbander om guod. Dat struiden se dan om 'e tsjerne hinne en der kom ek altiten in bytsje fan yn 'e tsjerne. Dan wie de bûter der ornaris samar.
nl.verhalenbank.20523
Anne Westra siet op in snein-to-joune by de faem. Hy sei tsjin har, hy moest der even út. Doe't hy der even letter wer ynkom, stie 't swit him op 'e holle en hy hime en pûstte. "Hwer hast hinne west?" frege de faem. "Ik haw even mei de duvel op 'e turfbult west," sei er, "hwant de turf moest hwat forloege wurde." (Hy wie samar by de faem weilicht woarn en...
nl.verhalenbank.20530
As in koe of in skiep sa siik wie, dan gongen se ek nei de duvelbanner. Dan krige sa'n dier yn 'e measte gefallen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals oan in eintsje tou. Dan hie de tsjoenster gjin fet mear op it beest.
nl.verhalenbank.20524
Mem warskôge ús altyd: tink der om, yt noait hwat fan in tsjoenster op. As jimme dat dogge, hat se jim yn 'e macht. In protte lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel en de bern hienen in pûdtsje mei duveldrek op it boarst.
nl.verhalenbank.37720
Anne Westra hie altyd jild. 't Wie yn 'e krappe tiid doe't er leefde. By alle minsken, wie 't earremoed, mar Anne dy traktearre altyd mar rejael. Hy hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hied er fan 'e âld feint krigen.
nl.verhalenbank.20531
It tilde fan 'e tsjoensters yn 't foarige. In âld wiif mei in doekje om 'e holle koe der mar fan op oan dat se foar in tsjoenster trochgong. Wie der ien bitsjoend, dan gongen se meastal nei de duvelbander fan it Wytfean: Jonge Jan. Inkeld gongen se ek wol us nei greate Wopke.
nl.verhalenbank.16973
Woe men wite hwa't de tsjoenster wie, dan moest men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Mar dan moest men der om tinke dat der neat oàrs oer de drompel kom, ek net in hin, hwant dan wie de kracht der út. Se setten ek wol in krús op 'e wei. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme. Dêr moest se omhinne.
nl.verhalenbank.16975
Froeger wie hjir yn Sweagerbosk faek tsjoenderij. Hjir ha minsken wenne, dy krigen in lytse poppe. Dat bern bigong to sukkeljen. Doe gongen de âlden nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan it Wytfean. (Dêr gongen in protte minsken hinne) Doe ha se it bêd iepen makke. Dêr sieten twa krânsen yn, dy wienen hielendal klear. De trêdde in stik hinne. As se...
nl.verhalenbank.17102
By ús oer de wei wennen lju dy hienen in berntsje, dat sukkele altiten. It bern sliepte op in fearren kessen. Doe ha se yn dat kessen sjoen en doe sieten dêr in pear krânsen yn. Yn dy krânsen sieten allerhande soarten jern. Jern, dat se dageliks brûkten. Allerhande kleuren. In winkelfrou, dy't jern to keap hie, krige de skuld der fan. Dy hie 't bern...
nl.verhalenbank.20521
Ik hie hjir in omke oan diz kant it spoar. 't Wie Japik-om. Dy hie hwat buorkerije en in winkel. Oan 'e oare kant it spoar wenne in âld minske, dat helle alle jounen molke by Japik-om wei. Dan gong se mei Japik-om yn 't bûthús. Dan bifielde en bitaestte se alle seis bisten en dan sei se: "Hwat is dat in moaijen ien en hwat is dat in prachtich bist." Sa...
nl.verhalenbank.17359
18