Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
42 results
Place of Narration: Veenwoudsterwal
Frijmitselers ha noait gebrek oan jild. Se ha in forboun mei de duvel, se binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.38212
As de duvel mei kaertspile, woun dy alles. Dêr koe net ien tsjin spylje.
nl.verhalenbank.37907
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se binne oan 'e duvel forkocht en hja kinne net wer út dy syn klauwen wei komme.
nl.verhalenbank.38192
Frijmitselers ha har oan 'e duvel forkocht. Jehannes tsyske wie ek frijmetseler. Dy hie ek altyd jild om hannen. Der waerd sein dat er in wikseldaelder hie. De duvel kriget letter de siele fan 'e frijmetselers. Om 'e sawn jier matte se ien deameitsje.
nl.verhalenbank.38298
Douwe Gosses wie in raer man. Flokke en sûpe en sweare en swetse, dat koed er. Hy wenne op 'e Hoek hjir op 'e Wâl. Op in kear kom er út 'e herberch. Doe hat de duvel him ûnderweis to pakken hawn. Dy hat him bot ôftichele, doe hie er it net rûm. Letter is Douwe al hielendal foroare.
nl.verhalenbank.38185
Mei bihelp fan klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Klaverboer, dêr sit de duvel yn, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.37969
Douwe Gosses wie in kaertspylder. By dat kaertspyljen foelen rare wurden. Hy sei 't mâl op. Douwe wenne op Feanwâldsterhoek. Op in kear is er op 'e Presterikker - in âld modderwei - oer de beammen hinne smiten. Dat hat de duvel dien. Doe wied er aerdich bikom.
nl.verhalenbank.19646
Der wienen twa jongfeinten dy woenen ien bang meitsje. Hja gongen boppe op elkoar stean tsjin in muorre oan yn 't tsjuster, doe't dyselde der oan kaem. Mar dy seach omheech, en sei: "Dit liket raer. Twa ha 'k wolris boppe op elkoar sjoen mar dêr noch noait in trêdden boppe op." Doe woarden de twa jongfeinten sa bang dat se draefden fuort. Hwant sy...
nl.verhalenbank.37879
Yn Grins is in gebou fan 'e frijmetselarij, dat stiet dêr njonken in bakkerij. De frijmitselers ha har oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch ha se noait jildgebrek. Trijekear yn har libben wurde se holpen. Dan hingje se in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. As se der wer by komme, is er fol jild. Nei de trêdde kear wurde se net wer holpen. Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.38085
Us heit en dy ha trije Hindrikken hawn. Dêr bin ik allinne fan oerbleaun. De oare beiden binne stoarn doe't se noch lyts wienen. Se seinen altyd Binne kastelein (= Binne Kloosterman) hie se deatsjoend. Greate Wopke hat in kear by my west. Doe wie 'k noch mar in pear wike âld. Ik wie siik en sy tochten dat ik deselde wei gean soe as de beide oare...
nl.verhalenbank.38075
Het boze oog fynt men by de frijmetselers yn it gebou dêr't se yn by elkoar komme. Jehannes Meerstra wie ek in frijmetseler. Frijmetselers sitte meielkoar yn in klub. Se ha noait gebrek oan jild. Dat jild krije se fan 'e kweade. Se ha in forboun mei de duvel sluten. Dêr is in kontrakt fan en dat bliuwt altyd geldich. Se ûndertekenje it mei har eigen...
nl.verhalenbank.37894
Hjir wenne in âld minske, dat hie ûnder elke drompel yn 't hûs duveldrek.
nl.verhalenbank.19651
Siet der in krâns yn 't kessen dan wie der ien bitsjoend. Dan gongen se nei in duvelbanner ta. Dat wie meastal Greate Wopke. De krâns waerd forbrând.
nl.verhalenbank.38100
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song. Doe't er út...
nl.verhalenbank.37875
Der siet ergens in man yn in kroech mei in stik of hwat oaren. It wienen allegearre greate spotters. Hja hâldden in weddenskip. Ien soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht nei in bipaeld grêf en dêr hwat delsette. Dat soe dan dy iene man dwaen. Hy kom op it plak dêr't er wêze moest. Doe't er dêr wie waerd er yn 'e earm knypt. Hy woarde ôfgryslike kjel. Doe't...
nl.verhalenbank.37908
Binne kastelein wie in gefaerlik man. Hy bitsjoende it fé. Soms wienen alle bargen samar dea, as hy der west hie. Ek minsken bitsjoende er wol. Der waerd froeger by ús in gat yn 'e drompel boarre en dêr waerd in stik duveldrek ynlein. Dat wie foar tsjoenderije.
nl.verhalenbank.38070
Fije Antsje hat Baeije yndertiid bitsjoend. Doe ha se Piter Poes der by helle. Dy wenne op Sumarreheide. 't Wie in duvelbanner. Hy kaem op 'e hounekarre. Doe't er 't minske bihandele hie moest se pisje. En doe pisse se in pod.
nl.verhalenbank.38177
Duveldrek waerd froeger in protte brûkt. Dat leinen se foar de drompel om de tsjoensters to kearen. As se dan kamen bleauwen se foar de drompel stean. Hjir stoaren froeger in protte bern. Der waerd dan faek leaud dat dy bern bitsjoend wienen.
nl.verhalenbank.37864
Duveldrek ha wy altyd wol yn 'e hûs. Se dienen it froeger ûnder 'e drompels. Dat wie om de tsjoensters to kearen. Ek dienen se 't wol yn 't waeifet foar de keallen.
nl.verhalenbank.38190
In tsjoenster foroare har soms yn in kat. Hja bitsjoende de bern. Dan kom der in krâns fan fearren yn 't holkessen. Mei dat kessen setten se nei de duvelbander ta, dy't in drankje joech. De krâns moesten se forbrânne.
nl.verhalenbank.38208
43