Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: vrijmetselaar Place of Narration: Opende
Hindrik van der Meer en 't wiif wienen beide by de frijmitselderij. Sy hienen al it materiael fan 'e frijmitselders yn 't lyts yn 't sulver. Al hwer't se forlet fan hienen, dat kom der. Jild noait gebrek. Mar sy hienen har nammen mei eigen bloed yn in great boek set, dat fan 'e duvel wie.
nl.verhalenbank.16142
Frijmetselaars ben ook koegelfrij. Die hebn een verbond met de kwade. Om de seuven joar moet der ien dood. In tsjoenster moet eens in de seuven joar ien doodmoakn.
nl.verhalenbank.24406
Fan 'e frijmitselers moest der om 'e sawn jier ien dea. Hja hienen har forkocht oan 'e duvel. Hja koenen der noait wer by wei. Yn Snits stiet sa'n gebou.
nl.verhalenbank.38016
Albert Gjaltema wie frijmetselder. Hy wie smoarryk en hie noait forlet fan jild. Dat krige er fan 'e duvel. Frijmitselders hienen in wikseldaelder. Dy matte se noait hielendal út jaen, dan groeit er altyd wer oan. As se dy wikseldaelder kwyt wienen, krigen se noait hwat wer.
nl.verhalenbank.27885
Frijmitselders sette har namme mei bloed wylst se achter dikke muorren sitte. Hja krije altyd jild. Sy ha in wikseldaelder. It opperwezen matte se ôfsweare en de duvel matte se oannimme.
nl.verhalenbank.19492
As ien ûngelokkich is en dy hat in bult, dan kin er dy bult by syn leven forkeapje oan in frijmitselder. Sa'n man dêr rêdde dy frijmitselders mei, mar dan komt er net op it tsjerkhôf. In frijmitselder hat in wikseldaelder. Hy kriget altyd de sinten wer dy't er útjowt. Elkenien dy't him oan 'e duvel forkeapet, kriget in wikseldaelder. Dat jild komt altyd...
nl.verhalenbank.23457
Der ha wol minsken west, dy forkochten har oan 'e duvel, dan hienen se altyd jild om hannen. Der binne ek guon dy ha in wikseldaelder. Dy ha de frijmetselaren ek. Dêrtroch ha dy noait forlet fan jild. Dy binne èk oan 'e duvel forkocht. Om 'e sawn jier mat der ien dea. Sy lotsje der om hwa't dat is. Oan 't Skutediep yn Grins ha se har gebou. Dêr sitte se...
nl.verhalenbank.26329
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht. Sy wurde blyndoekt yn in gebou brocht. Dêr sette se foar har in krús op 'e muorre. Dêr matte jy dan mei eigen bloed it mes yn stekke. Jo kinne der noait wer by wei as jo der ienkear by binne. Jo barre der sinten foar. Jo kinne sizze hwat jo leafst ha. In buorkerije of in gernierkerije of...
nl.verhalenbank.24174
Ien dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Frijmetselers binne ek kûgelfrij. Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27548
9