Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Place of Narration: Noardburgum
Wy wennen op Feanwâldsterwâl en hienen trije bargen yn 't hok. Elke dei kom der in âld wiif by ús om in kopfol wetter om thé fan to setten. Doe woarden de bargen siik. Wy dienen duveldrek ûnder 'e trôch, mar dat joech neat. Doe nei Joast Wiersma to Jistrum. Dy joech in blau fleske mei guod mei, dat moest ûnder 'e troch dien wurde. Op in moarn kom 't...
nl.verhalenbank.16156
As der in spylkaert ûnder 't kaertspyljen foel moest men dy net opkrije, hwant dan koe 't wêze dat de duvel jin de kop omdraeide.
nl.verhalenbank.36505
Jehannes koe krekt sizze hwat jo yn 'e bûse hienen. As er gjin jild mear hie, dan hong er jouns it lege ponkje oan 'e bêdsdoar. Dan wie 't de oare moarns wer fol. Dêr soarge de duvel foar. Hy koe de minsken stean litte. De froulju liet er de rokken ôfsakje. Mar hy die gjin minske kwea.
nl.verhalenbank.36500
Hjir yn Burgumerheide wenne in âld-wyfke, dy wie by jountiid ris in kear bûtendoar, doe soe se nei hûs ta. Hja gong in smel reedtsje del en doe seach se dêr hwat. It wie hwat swarts. Hja koe net sjen hwat it wie, mar it forweegde en it makke har rare bang. Doe sei se: "Is 't fan de Heare, kom ta my, en is 't fan 'e Satan, wyk fan my." It gong fuort. Doe...
nl.verhalenbank.36489
Fan Jistrum nei Skûlenboarch, oan 'e Keale wei, der roan ris ien op 'e lette joun, dy kaem út 'e kroech to Skûlenboarch wei. Hy hie dêr yn dy kroech sein: "Ik bin foar gjin duvel bang", en doe waerd er even letter, ûnderweis sa bot hinne en wer smiten, dat hy wie mear dea as levend, doe't er yn Jistrum oankaem.
nl.verhalenbank.36497
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl koe mear as sljochtwei. Se neamden him altyd Jehannes tsyske of Jehannes tsiisrinder. Hy koe de froulju de rokken ôfsakje litte, samar midden op 'e strjitte. En de tange liet er dânsje. Ik haw us mei him to meanen west. Doe sylden wy samar achter Feanwâlden wei nei de Wâl ta, hwat net in minkse oars koe. Hy siet ek yn...
nl.verhalenbank.16157
Wol men in tsjoenster keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
nl.verhalenbank.36503
Ik ha to Feanwâlden wenne op 'e Finnen yn in gemeentewoaning. Geart Jongsma wenne ek yn sa'n gemeentewoaning, flak by ús. Syn wiif wie in tsjoenster. Myn bern krigen us in kear wyt guod fan it minske op bôlle. Yn 'e nacht wie der mei de bern gjin hûs to hâlden. Sy liken alle fiif wol dwylsinnich. Krekt as wie de duvel yn har fearn. Sy stienen alle fiif op...
nl.verhalenbank.16164
Sjoch net tofolle yn 'e spegel, oars kin de duvel dy de kop omdraeije.
nl.verhalenbank.36504
Heit fortelde: Der wenne in faem by in boer. It wie in feardige faem mei in pear goeije hannen oan 't liif, dat de boer wie wiis mei har. Twa jier hat se dêr tsjinne. Se hiet fan Jantsje en krige forkearing mei in sikere Jan. Snein-to-jouns om 'e fjirtsjin dagen kom er by har en dan sieten se togearre yn 't achterhûs. Mar hy fornaem hwat fremds oan har....
nl.verhalenbank.16159
Leentsje Gosse spile greate flokwurden op syn harmoanika. It wie in greate spotter en in earst rarenien. Hy soe om in ûre of ien yn 'e nacht nei hûs ta. Hy roan dwars de paden del, doe stie der ien op 't spoar, dêr koed er net lâns. Doe nom er in oare rjochting en in oar paed. Dêr koed er ek net lâns. Sa woarde er op fjouwer plakken troch ien keard. Doe...
nl.verhalenbank.16166
De frijmitselders kinne mei de deaden prate. Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselers dea. Der wurdt om lotte hwa. Dyselde mat him dan sels fan kant meitsje. Tsjibbe Gearts fan Burgum hat dat ek dien. Dy't ien kear frijmetseler is mat dat syn hiele leven bliuwe. Hy kin der noait wer by wei. Hy is forkocht oan 'e duvel. Dy soarget der ek foar dat...
nl.verhalenbank.36507
Der wie in spylman yn Feanwâldsterwâl, raerder hat der noait west. Yn 'e herberch spile er alle flokwurden op 'e harmoanika. Mar doe't er de jouns nei hûs ta soe, woarde er hyltyd troch ien keard. Dat wie de kweade. Hy koe net in kant út. Doe is er werom gong nei de herberch. De kastlein hat him opburgen. (fgl. Bokke de Boer)
nl.verhalenbank.16773
Piter Koop wenne yn Burgumerheide. 't Wie in raren, in flokker en in spotter. Hy kaertspile in bult. Op in kear kaem er by syn maet wei. 't Wie op in nacht. Doe kaem der ien njonken him yn 't swart mei in cape om; dy roan tsjin him oan. Dy sei neat. Hy waerd sa bang, dat hy trille as in blêd oan 'e beam, doe't er thús kaem.
nl.verhalenbank.36501
Doe't myn âldste broer noch sa'n jonkje wie, woarde er siik. Hy wie bitsjoend. Mem gong nei de duvelbander ta. Dy joech guod mei. "Der komt jo aenst hwat tomjitte", sei de duvelbander. Mem hie 't jonkje yn 'e skelk. Berneweinen wienen der doe noch net. Fan Hurdegaryp roan mem de Foksegatten del wer op hûs ta. Achter in boereplaets sieten katten. Mem...
nl.verhalenbank.16476
Guon kommen us let yn 'e nacht fan in pretsje. Se mâltjirgen net allinne, mar der woarden slimme flokwurden brûkt. Se kommen yn 'e buert fan Eastemar tusken hege diken. By in hekke woarde ien fan dy feinten dy't it sa mâl opsein hienen, samar by de oaren weinom, dat se stienen forstomd. Ien wie hwat dryster as de oaren, dy kom tichter by de hekke. "Der...
nl.verhalenbank.16778
18