Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
79 results
Place of Narration: Kollumerzwaag
Frijmitselers ha altyd jild. Hja hingje de lege ponge mar op, de oare moarns is er wer fol. Dêr soarget de duvel foar. Om 'e sawn jier mat der ien dea, dat wurdt fan tofoaren ôfpraet.
nl.verhalenbank.37377
Ik ha wolris heard dat der plakken wêze matte dêr't de duvel oer de feart sprong is en dat de print fan 'e hynstepoat dêr noch to sjen wêze mat.
nl.verhalenbank.29945
Der spûke in swarte houn tusken Feankleaster en Twizel op it Wyldpaed. It wie in great beest, mei egen yn 'e kop as koallen fjûr. 't Waerd der ljocht fan yn 't tsjuster, as hy der oan kaem. Men koe him altyd oankommen hearre, hwant syn poaten klapten krekt as dy fan in hynder. Noait liker as sieten der hoefizers ûnder, sa hearde it. Der binne wol guon...
nl.verhalenbank.29927
Oene Kempenaer wenne yn Sweagerbosk. Hy koe knoffelbânlizze. As ien de pols fordraeid hie, bisette hy dat en dan wie 't samar wer klear. Ek foar oare kwalen wist er middels, by minsken en by dieren. Us mem hie 't net op âlde Oene stean. Hy hie hiele rare egen yn 'e kop. Op in kear wie mem fan 't lân kaem, dêr't se oan 't wurk west hie. Doe wie dêr in...
nl.verhalenbank.29544
Myn broer Sjoerd is nou sahwat 65 jier dea. Op in joun sei mem tsjin him: Nou ha 'k leafst, Sjoerd, datst joun net wer fuort giest. Mar Sjoerd sei: Ik gean fuort, as stiet de duvel ek foar my. Mar hy wie noch mar krekt ta de doar út of hy kom al werom. Mem: Hwat nou? Ja, sei er, ik gean net fuort. Letter, op it Wyldpaed, fortelde er my, hwat er moete hie:...
nl.verhalenbank.16066
Ik hie trije bargen, dy rekken siik. As se op it iten tafleagen, krigen se in set. It wie dúdlik, dat se bitsjoend wienen. Doe ik nei Úlke Duvelbander ta. Dy die duveldrek ûnder 'e trôch, mei brea der by. Hwant brea is heilich, hè? Ek kaem der in fleske mei duveldrekswetter yn 'e tine, dêr't de bargen út dronken. Doe dienen wy 't hok fêst. Net ien koe doe...
nl.verhalenbank.16108
Yn ldwâldumersyl wenne froeger in boerefeint, dy kaem ris in kear út 'e kroech. Doe kaem er by de brêge en dêr sprong er oer de feart mei in oanloop. Doe sei er: "Net in duvel dy't my nei giet." Mar de oare moarns komt er dêr wer lâns en dan sjocht er de print fan 'e duvel syn hynstepoat yn deselde leasten dêr't hy ek yn roun hie. De duvel wie him wòl...
nl.verhalenbank.37374
Lammert Zuidema lei op in nacht mei syn skipke yn 'e Sweager Mieden. Doe kom der in rydtúch by syn skipke. En in stim út it rydtúch sei: "Instappen!" Mar Lammert sei: "Ik stap uit!" En Lammert naeide hurd út. Dit wie neffens Lammert tsjoenderij. Hy wie in nuver persoan. It sil moai-wis de duvel west ha dy't dêr yn 't rydtúch siet.
nl.verhalenbank.25826
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
In nachtmerje is in geest. Sy kin har foroarje yn in ding. It is in soart skaed. 't Binne duvelsstreken, dy't se docht.
nl.verhalenbank.16065
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Under 'e bargetrôge dienen se altyd duveldrek.
nl.verhalenbank.25834
As men duveldrek by jin hat komt de lulkste houn jin net binei. Mei liuwefet ek net.
nl.verhalenbank.24069
Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se. Dy man wie in frijmitseler. As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net...
nl.verhalenbank.38622
Yn 'e Westerein wenne in âld wyfke, dat koe noait sliepe. Altyd wie der nachts lawaei by har ûnder it bêd. De soan dy sei: "Nou sil ik der fannacht us sliepe." Mar doe wie 't krektsa. Doe gong de soan nei greate Wopke, de duvelbander fan Kûkherne. Hy lei him it gefal út. Wopke frege: "Sjogge jimme oerdei wolris hwat?" "Ja, om itenstiid hinne is der altyd...
nl.verhalenbank.15765
Yn 'e Westerein wie ik frachtrider. Ik hie in feint op myn auto, dy hiet Sikko Klaver. Dat wie in earste raren. It koe him neat skele hwat er sei. Mendei-to-moarns hied er net in dûbeltsje mear yn 'e bûs. De sneins hied er syn hiele wyklean forsûpt. Hy sei: Ik bin foar gjin duvel bang, en al sokke dingen mear. Mar doe hat de duvel him pakt. Dy hat him yn...
nl.verhalenbank.38618
Yn 'e Falom soenen in stik of hwat jonge bazen to baeijen. Myn broer wie der ek by. Sy hienen har allegear útklaeid en sa stienen se op 'e wâl. Sy hienen ôfpraet, sy soenen allegear sa fier springe as se koenen, fan 'e wâl ôf yn 't wetter. Doe sei ien fan dy jonge bazen: "Dêr dan foar den duvel!" En doe hied er de sprong nom. Mar hy wie net wer boppe...
nl.verhalenbank.25201
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
Stammerige Harm hie in wikseldaelder, seinen se. Ik ha Harm wol by my yn 't wurk hawn.
nl.verhalenbank.25196
79