Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Hurdegaryp
Dy't jild fan 'e duvel ha wol moat mei in swarte kat yn 'e sek yn 'e nacht trije kear om 't tsjerkhôf rinne. Dan stiet dêr ien, dy mat er de kat jaen. Thús mat er in swarte sok oan 'e line hingje jouns, dan is dy de oare moarns fol jild. In grize sok jowt neat. Mar nei 14 dagen is sa'n ien dea.
nl.verhalenbank.31056
Der wie in boer, dat wie in forwoesteling. Hy wie altyd gleonhastich en net in arbeider dy't it by him úthâlde koe. Op in kear hied er wer in arbeider, doe moest der ploege wurde. It wie al let yn 'e joun en it wie ûnmooglik dy greate hoeke lân foar de nacht noch to ploeijen. Dat de arbeider sei tsjin 'e boer: "Freegje de duvel, dat dy it docht." De boer...
nl.verhalenbank.19770
Yn Surhústerfean wenne in man allinne. Dy fierde net in slach út en hy kaem doch troch de tiid. Hy sea altyd iten foar twa minsken. Mar net ien dy't dy fremdeling seach. Guon woenen wolris sjen of it wier wie. Doe seagen se om 12 ûre, doe't it iterstiid wie, ris tomûk troch 't glês. Dêr sieten twa man by de tafel to iten. De iene wie de frijgesel. Mar de...
nl.verhalenbank.31042
Op 'e Godloas Singel dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid. Hy hie yn 'e herberch sitten en dêr hied er tige flokt. De oare deis lei er dea op bêd.
nl.verhalenbank.30856
Der wie in frou, dy wenne yn Ljouwert. Har man hiet fan Schaaf. Hy forhierde plezierweinen. Myn âldste dochter hat der as faem wenne. Dy frou wie by de frijmitselders. Nou en dan seach se yn 't gebou har forstoarne jonge. Sy sei tsjin har man: "Hwat woe ik graech, datstû ek us mei gongste om de jonge to sjen." Dat gebou stie yn Ljouwert. Hy gong mei, mar...
nl.verhalenbank.18104
De Skilige Piip leit oan 'e Godloaze Singel, dy't rjochtút rint nei de Falom ta. Op 'e ein fan 'e Godloaze Singel dêr stie in hûs. Op in kear wie der feest. De biwenner fan dat hûs hie dêr ek wakker oan meidien. Hy hie in protte drank brûkt en rare wurden sein. 't Wie in ûnforskillich man. Doe kaem der yn 'e nacht ien by him by de doar. Ien yn it hûs...
nl.verhalenbank.30423
Der wie in man dy lei op stjerren, mar de dea woe net by him komme. Hy flokte oan ien tried wei. Ik wol stjerre, ik wol nei de duvel ta! rôp er mar. Doe ha se it jakje, dat er oan hie, stikken knipt en de oare moarns stoar er. Dit gebeurde op Feanwâldsterwâl.
nl.verhalenbank.31055
Ik kom wol us by in âlde wiersizter yn Ljouwert. Dat minske wie oan 'e duvel forkocht. Mar sy wist suver alles. Doe't ik de earste kear by har kom, frege ik, of ik ek forkearing krije soe. Doe sei se: "Dû, dû hast ommers trije feinten tagelyk. Is dat noch net moai genôch?" Ik skamme my bot, hwant hja hie gelyk. In oare kear sei se tsjin my: "Aenst matte...
nl.verhalenbank.18105
Heit hat as lyts jonkje bitsjoend west. Doe wenne er op 'e Gariperheide. Hy wie soms sa slop, dan koenen se him oprolje as in skûdeldoek en dan wied er wer krekt sa stiif as in stôk. En it gong altyd op in gûlen. Doe gong pake nei Piter Poes ta, dat wie de duvelbander fan Sumarreheide.(^ ± 1900), mar dy wenne doe noch yn de Ham. Pake krige in drankje fan...
nl.verhalenbank.19783
9