Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
58 results
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Harkema
Us mem hie altyd in pûdtsje mei duveldrek by har op 't boarst hingjen fanwege it bitsjoenen.
nl.verhalenbank.21224
Piters Lys hjir op 'e Bulten hat bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Dat is noch mar even lyn. Hat men guod fan 'e duvelbander, dan mat men der om tinke dat men dat goed achter slot hat. Dat meije oare minsken net sjen.
nl.verhalenbank.24636
Wy hienen froeger by ús thús altyd duveldrek ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargebakken. Dat wie fanwege de tsjoenderij.
nl.verhalenbank.26269
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust. Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel. Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar...
nl.verhalenbank.29373
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
nl.verhalenbank.21250
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Akke Kaert wie in kaertlizter. Hja wenne yn Ljouwert. Doe't se op in moarn by har kamen, hie se de kop achterstofoar op 'e romp sitten. Sy wie kroandea. De duvel hie der in ein oan makke. (Akke Kaert woonde niet te L, maar in Nieuwebrug bij Heerenveen. Ze is een natuurlijke dood gestorven. A.A.J.) - Jaarsma is in de war met Hinke Kaart cf. Dykstra II: 183.
nl.verhalenbank.22206
Wie der ien bitsjoend, dan founen [se] faek in krâns yn 't holkessen. Dy krâns moesten se forbrânne. As se dat dien hienen, dan kom de tsjoenster net wer. Sy gongen meastal foar it bern nei de duvelbander ta. Dat wie yndertiid Wopke fan Kûkherne. Dy joech in drankje mei en joech oanwizings foar it bitsjoende bern.
nl.verhalenbank.25780
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek...
nl.verhalenbank.33647
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien." Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442
Myn omke - Thys-om - is al lang dea. Mar hy hat in bern hawn, dat wie bitsjoend. Doe gong Thys-om nei in duvelbander yn 'e Rottefalle om guod. Dy duvelbander sei: "Hjir is in drankje. Mar tink der goed om, ûnderweis kin der wolris hwat wêze, dat dat drankje kapotmeitsje wol." Thys-om wie oer iis, hy hie de redens ûnder boun. Doe't er werom kom fleach der...
nl.verhalenbank.25901
Hindrik Ophuis wie in greate tsjoender. It wiif en de bern hienen 't himd altyd omkeard oan en se droegen altyd brea op it boarst, sa bang wienen se, dat se oars bitsjoend wurde soenen. Hy bitsjoende alles. Hoefolle fé hy net bitsjoend hie. Ek fé fan syn eigen bern. Op in kear hie syn soan Willem in moai fet skiep kocht. Mar dat skiep woarde minder....
nl.verhalenbank.16932
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie. Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend. Doe ha 'k...
nl.verhalenbank.25724
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in jonge wie fan sa'n jier of fjirtsjin, gong er wol us nei âlde Ot ta. Op in kear, doe hie Ot him hwat jown. Doe't er thús wie, krige er in ôfgryslike pine. Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês. Pake gong der út. Hy sei: "De earste...
nl.verhalenbank.21386
Ik hie in kammeraetske, dy har beppe wie âlde Fogel-moai (Frearke Fogel). Dat wie in tsjoenster. By myn kammeraetske hienen se in baerch yn 't hok. Dy roan mar àl yn 't roun. Hy wie bitsjoend. Dat hie âlde Fogel-moai dien. Hja hie dy baerch oanrekke. Sa wie dy baerch siik woarn. Hja hie de kweade hân. Ik hie altyd duveldrek yn 'e bûse, as ik nei Fogelmoai...
nl.verhalenbank.22299
Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.22719
Mem har muoike Lys dy hie in dochter, dy wie bitsjoend. Sy gongen nei in duvelbander ta en krigen guod. Der kaem altyd in kat by muoike en dy. Sy makken it hinnegat en alles goed ticht, mar it joech neat, dy kat kaem der altyd yn. Dy kat, dat wie de tsjoenster, sei de duvelbander. Doe't it fanke fan it guod fan 'e duvelbander ynnaem, bigong se to koarjen....
nl.verhalenbank.19348
58