Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.22279
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema.
Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen.
Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
Hjir wennen wol manlju yn 'e Harkema, dy koenen samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy lieten se dan marsjeare. Sokke mannen hienen konneksjes mei Satan.
Der binne dieren, dy kinne se mei in gewear noait reitsje. Sokke dieren dêr wennet de duvel yn.
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht.
Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
Wibe Alma wie yn syn jonge jierren in raren. De duvel hat him us oer de Lange Wyk hinne smiten.
nl.verhalenbank.17380
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie de raerste fan 'e Harkema.
Hy wraksele wit hoe faek mei de duvel.
nl.verhalenbank.27295
As in minske bang wurdt, dan sit him dat yn 'e duvel. Hwant de duvel giet as in 'briesende leeuw'.
nl.verhalenbank.20034
Der wennen frijmetselers yn Stadskanael en omkriten.
Dêr wienen dikke boeren ûnder. Frijmetselers matte om 'e sawn jier ien dea dwaen. Der wurdt om lotte hwa't dat dwaen mat. Gebeurt dat net dan mat dyselde sels stjerre.
Sy ha in forboun mei de kweade. Fan jild ha se noait forlet. Dat is skoan to sjen, hwant it binne allegear rike lju.
Dy't ienkear...
De earste brêge dy't men krijt fan de Burgumermar nei Grins, neì de Strobosterbrêge, dêr is de duvel alris oer de feart sprong.
Sy wienen dêr mei de brêge oan 't bouwen, dy wie noch net klear. Doe moest dêr in man lâns, dy tocht: Hwat bigjint it dêr to sûzjen. Hy sjen, en doe seach er, der sette hwat ôf oan 'e iene kant en dat kom oan 'e oare kant it...
Japik-om handele yn hjidde (dat kaem fan it flaechs). Hy gong der altyd mei Bouke Schievink op út. Bouke Schievink wie in hiele raren-ien. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Op in kear doe wienen se wer togearre om hjidde. 't Wie skimerjoun. Bouke sei tsjin Japik-om: "Sjochst him wol?" De duvel roan njonken Bouke lâns, mar Japik-om seach him net.
De duvel...
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein:
"Duivel, wil je mijn kat ook kopen?
De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op.
Doomny en mefrou roannen der achteroan.
Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is."
Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Sy matte der nachts faek op út. Der lekt neat fan út hwat se om hâns ha.
nl.verhalenbank.28923
Douwe Bylsma to Harkema hie in buchel. Hy hat him by syn leven oan 'e duvel forkocht. Dan koenen de dokters letter mei de buchel dwaen krekt hwat se woenen. Hy hie in winkeltsje.
Soms gong er op 'e toanbank lizzen op 'e buchel. Dan draeide er as in top yn 'e rounte op dat bucheltsje.
Nachtmerjes wurde keard troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen, of in lapke mei duveldrek op it boarst lizze.
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod."
Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm.
Hy kom yn 'e Langewyk tolânne.
Syn maten ha noait ien sjoen.
Op Driemunt hâldde froeger in wearwolf ta. It wie in soart duvel. Hy is ûnderskate kearen sjoen woarn. Us mem sei: "Pas op, jonges, as de wearwolf jimme net to pakken krijt."