Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Mûnein
As it net tsjernje woe gongen se nei âlde Evert om ried. Dy wenne oan 'e Readtsjerkerdyk. It wie in soart duvelbanner.
nl.verhalenbank.36606
Muoike hie duveldrek ûnder 'e drompel. Der wienen trouwens ek wol oaren dy't dat dienen om har to bifeiligjen tsjin tsjoenderij.
nl.verhalenbank.30058
De muoike fan my, dêr't njoggen bern fan bitsjoend west ha foun altyd krânsen yn 'e holkessens. Dan gong se nei greate Wopke ta, dat wie in duvelbander, dy wenne yn Kûkherne. Dêr krige se dan medesinen fan.
nl.verhalenbank.30057
By de boer Jan Bonnes Algra yn Sumar hienen se altyd duveldrek ûnder 'e doarren om 'e tsjoensters to kearen. En ek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken hienen se duveldrek yn in lapke mei in toutsje biboun.
nl.verhalenbank.30319
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel as se de tsjoenster net yn 'e hûs ha woenen. Se joegen de bolle ek duveldrek yn, as er net springe woe.
nl.verhalenbank.30046
Rekke der in bern siik, dan waerden de kessens neisjoen. Kaem dêr in krânse út dan gongen se nei de duvelbander ta. De krânsen waerden forbaernd.
nl.verhalenbank.36623
Der wenne hjir in frou, dy rekke siik. Hja tochten, hja soe wol bitsjoend wêze. Doe gongen se nei in duvelbander ta. Dy sei: "Ja, sy is bitsjoend. As jim aenst thús komme komt der ien by jimmes oan 'e doar. Dy wol yn 'e hûs. Dat is deselde dy't har bitsjoend hat." Doe't se wer thús wienen duorre it net lang of dêr kaem de buorman by de doar. Doe ha se dy...
nl.verhalenbank.36605
Klaes van der Veen wenne yn Mouneein. Syn frou wie siik. By de gewoane húsdokter founen se gjin baet. Doe gongen se foar har nei de duvelbanner ta. Dat wie Piter Poes, dy wenne op Sumarreheide. Piter Poes joech medesinen mei. Hy sei, hja moesten earst in gat ûnder 'e drompel fan 'e doar grave. Dêr moesten de medesinen earst twa wiken yn lizze en dàn pas...
nl.verhalenbank.30044
Yn Sumar wenne in boer, dy hie in fanke, dat wie bitsjoend. Doe gong dy boer foar dat gefal nei greate Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Doe sei Wopke tsjin him. Dyn fanke sit ûnder in kweade macht, in hiele sterke macht. Dêrom jow ik dy nou gjin drankje mei, hwant dêr komstû dochs net mei thús. Dû mast nei hûs tagean en hjir wer komme mei in glêzen...
nl.verhalenbank.30318
Yn 'e Sumarreheide wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Har man wie in Dykstra, syn bynamme wie Murd. Hja wenne yn 'e helte fan in dûbele wente achter de woaningstifting. Dwarsoer wienen 't allegear heidedunen. 't Wie yn 'e winter en der lei in dikke laech snie. Doe kom dat âlde minske (dy tsjoenster) to forstjerren. Hja leinen it lyk op in...
nl.verhalenbank.30312
10