Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Twijzel
Stammerige Harm wenne oan diz kant de Swadde. Hy hie in wikseldaelder. Hy hie apart in ponkje yn 'e bûs, dêr siet dy wikseldaelder yn. Soms sei er: "Hjir, krij him mar." Mar dan seinen se: "Net oannimme, hwant dan ha jo in wikseldaelder, en dy wurde jo noait wer kwyt." Harm hie in lamme hân. Syn wiif bihandele er och sa min. 't Minske wie sikelik en hie...
nl.verhalenbank.28013
By Liuwe Janke wienen de piken bitsjoend. Ek de kat wie bitsjoend. It beest lei oer de telle. Der woarde duveldrek helle. Der woarde de dieren koetsehout om 'e hals boun en duveldrek ûnder 'e poaten smard. Doe woarden de dieren wer better.
nl.verhalenbank.28001
As de hinnen bitsjoend wienen, leinen se oeral duveldrek del. Yn 'e Twizelermieden wienen 't wol gauris de bargen dy't bitsjoend rekken. Wie der in kealforsmiter, dan hie der forkeard folk west.
nl.verhalenbank.28002
Yn Twizelerheide wienen it froeger allegearre tsjoensters. Dy hienen it meastal op bern forsjoen, mar ek wol ris op greate minsken. Wienen der guon bitsjoend, dan gong men nei greate Wopke ta. Dy joech dan meastal in drankje mei. Der mochten dan gjin oare eagen oer gean.
nl.verhalenbank.33585
Ik haw sels ris nei Wopke ta west, doe hie ik in njoggeneach oan 't bil. Dêr hie 'k gâns lêst fan. Ik moest dêr ek de binnenste blêdden fan in wite koal op lizze, doe wie dy njoggeneach der samar wei.
nl.verhalenbank.33587
As in tsjoenster ien bitsjoende tsjoende se tagelyk in krâns yn 't bêd. Se gongen nei de duvelbander ta om der fan forlost to wurden.
nl.verhalenbank.33601
As in bern bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Heit hat der mei myn suster hinne west. Dat wie doe noch in famke. Se krige in dikte oan 't wang. Wopke hat har wer better makke.
nl.verhalenbank.33571
Wopke wie net allinne in duvelbander, hy wie ek wûnderdokter. Hy joech faek goeije rie hwant hy wie o sa kundich. Der wie ien, dy syn skonken sieten ûnder 'e rare plakken. 't Wie allegear iepen. Doe joech Wopke to rieden, hy moest de binnenste blêdden fan in wite koal op dy plakken lizze en dêr in wynsel omhinne dwaen. Dy koalblêdden mochten der net...
nl.verhalenbank.33586
Joast Wiersma hat in hiel soad minsken genezen. Ik haw ris in swolme tean hawn. Dêr moest deis sûpenbrij op, sei er, en nachts in fiich. Ik wie mei trije dagen wer klear. Rudmer Binnema lei yn 't sikenhûs. Dy moest de foet der ôf ha. Mar dêr wie er fuort net oan ta. Hy gong nei Joast en dy joech him in middel. Doe hat er de foet bihâlden. Letter is er...
nl.verhalenbank.33602
Joast Wiersma wie de wûnderdokter fan Jistrum. Dy wie o sa kundich. Der hat ris in man west, dy krige 't oan 'e skonk. Hy reizge nei professers en nei de kundichste dokters ta. En allegear seinen se: "Dy skonk mat der ôf." Doe gong er nei Joast ta. Joast sei: "Dy skonk hoeft der net ôf." Joast hat him smarguod jown en de skonk is wer better woarn.
nl.verhalenbank.33572
In tsjoenster foroare har nou en dan yn in kat. Ik ha wol faek heard dat se sa'n kat in optuter joegen soms en dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of in blau plak oan 't wang of sy wie kreupel of sa. Hja bitsjoende ornaris bern, troch dy bern hwat to jaen dat se opite koenen. Dan woarde dat bern siik en dan reizgen de âlden nei de...
nl.verhalenbank.28204
11