Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: pad heks
11g. Van welke dieren zegt (zei) men dat ze in betrekking staan (stonden) tot de duivel en heksen? Katten, uilen en padden maar dat is geen plaatselijk bijgeloof.
nl.verhalenbank.45559
Jelle Tryntsje wenne yn 'e Grinzer Pein. Sy gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie altyd duveldrek ûnder 'e drompel foar har en ús Bauke hie altyd in pod op it boarst. Dan koe se him net bitsjoene.
nl.verhalenbank.32693
Ridzert van der Veen syn wiif lei yn 'e kream. Baeije wie dêr kreamwarster en dy hie har bitsjoend. Doe gongen se nei Piter Poes ta fan 'e Sumarreheide. Dat wie in duvelbanner. Piter Poes kom mei de hounekarre. Hy wipte om mei de karre doe't er op 'e hoek wie fan Feanwâldsterwâl. Dat wie 't wurk fan 'e tsjoenster; dy woe him dêr net ha. Doe ha se him wer...
nl.verhalenbank.38077
To Houtigehage wenne in tsjoenster, dy hie altyd in swarte doek om 'e kop. Dat hienen de tsjoensters meastal. As dy tsjoenster froeger de Dwarsfeart delkaem makken wy as bern gau in kring op it paed en dêr leinen wy in duit middenyn. Dan koe se net fierder komme, wie 't sizzen altyd. Under 'e drompel leinen se duveldrek. As in bern bitsjoend wie hie 't...
nl.verhalenbank.37127
Der binne tsjoensters, dy kinne har yn in pod foroarje. Guon kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Mem makke wol us in krús foar de doar. Dat wie om dat folkje to kearen. Sy hat ek wol in lapke mei duveldrek ûnder 'e drompel hawn, hwant der kom wol us in âld wiif by ús, dy fortroude se net.
nl.verhalenbank.20274
As men in apel fan in tsjoenster krijt, mat men dy apel noait hielendal opite. Hwant oars krijt men in levende pod yn 't liif. Wy mochten ek noait trije kear achter elkoar "ja" sizze. Hwant dan hie de tsjoenster jin yn 'e macht. Der wie froeger in jonkje, dêr boarten wy wol mei. As der in âld minske foarby gong, dan sei er altyd: "Ien âlde duvel, twa,...
nl.verhalenbank.20735
Op 'e Wâl wenne froeger in tsjoenster. 't Wie in kreamheinster. Dat minske hat op in kear in kreamfrou bitsjoend, nei't se sizze. Doe hellen se âlde Piter Poes op, de duvelbander fan Sumarreheide. Hy lei yn 'e hounekarre, sa kaem er by de kreamfrou. Hy bihandele 't minske, en doe't se pisje moest, pisse se in pod.
nl.verhalenbank.38044
Mem har âlders wiene boer op “Strûpenkeal” in pleats oan de “âlde Rien”, in wetter, dat rint fan mids de Geeuw oan ’t Easthim. De pleats leit sawat midden yn e trijehoek tusken Drylts, Folsgeare en Ysbrechtum. Ticht by de pleats lei in slúske. Op de boaijem fan dat slúske, der ’t se it wetter út rinne litten hiene, slûken se. Dêr waerden keallen strûpt en...
nl.verhalenbank.47025
In tsjoenster foroare har nou en dan yn in kat. Ik ha wol faek heard dat se sa'n kat in optuter joegen soms en dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of in blau plak oan 't wang of sy wie kreupel of sa. Hja bitsjoende ornaris bern, troch dy bern hwat to jaen dat se opite koenen. Dan woarde dat bern siik en dan reizgen de âlden nei de...
nl.verhalenbank.28204
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
nl.verhalenbank.28802
De frou fan Aelsen Hollander hiet fan Tsjutsje. Dy wie siik. Bontsje, de frou fan Jits de Vries kaem faek by har to kofjedrinken. Bontsje wie in tsjoenster, it lei dus foar de hân dat dat minske Tsjutsje bitsjoend hie. Hja gongen nei Frânse Hinke ta, de duvelbanster fan 'e Rottefalle. "Hwa komt faek by jimmes?" frege Hinke. "In âld minske, Jitse Bontsje",...
nl.verhalenbank.37528
Dêr't nou it swimbad is fan 'e Westerein, dêr wenne froeger in âld minske yn in lyts hûske. Dat minske wie in tsjoenster. As jonge fan acht jier moest ik it melken leare by de boer, dy wenne dêr net fier ôf. By de boer wienen se deabinaud foar dat âldminske. Hja hienen in greate klobbe duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken, en se woenen har...
nl.verhalenbank.38299
12