Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: opzijgezet Place of Narration: Harkema
Wibe Alma wie yn syn jonge jierren in raren. De duvel hat him us oer de Lange Wyk hinne smiten.
nl.verhalenbank.17380
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod." Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm. Hy kom yn 'e Langewyk tolânne. Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Ruerd van der Veen, dat wie de pake fan myn wiif. Dat wie de duvel gelyk en in minnen ien. Skoanheit - dat wie ek in Ruerd van der Veen - wie trouwens neat better. Pake Ruerd wie by 't timmerjen. Op in kear timmere hy op it Bomkleaster. Hy soe de jouns nei hûs ta. It bakje mei ridskip hied er op 't skouder. Hy moest oer in houtsje. Doe stie dêr in frommes...
nl.verhalenbank.17381
It gebeurde froeger us in kear, dat guon mei elkoar us hwat oan 't dominearjen wienen. (flokke, raer dwaen en sa.) Doe kom der in swart ding oan. Dat ding hie 't op ien fan dy mannen bigrepen. Dat wie Sytse Jager. Dy woarde samar opnom en in ein fuort smiten, tichte by in dobbe. Sytse wie sa binaud, dat hy gong fan binaudens yn dy dobbe. Hy wie sa...
nl.verhalenbank.19980
5