Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Harkema
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein: "Duivel, wil je mijn kat ook kopen? De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
nl.verhalenbank.23923
Willem Ophuis dat wie in omke fan my. Dy hie nei syn broer Piter nei Eastemar ta west. Op 'e joun kom er werom. Op 'e Swarte Wei kom der in fôlle achter him oan. Dy fôlle hat oan 'e Harkema oan syn doar ta mei him roan. Doe wied er ek samar ynienen fuort. Dat hat de duvel west.
nl.verhalenbank.12349
It wie ± 1886 dat de dûmny mei in âlderling op hûsbisyk wie yn 'e Smoarhoeke. It wie bikend, dat der yn 'e Smoarhoeke hwat wie, dat net doochde. Dear roan hwat. By nacht doarst dear noait ien to reizgjen. De dûmny en de âlderling kommen it tsjin. Dûmny sei: "Hwa binne jo?" "Ik ben de vorst der duisternis", sei dyselde. Doe sei dûmny: "Mat de forst der...
nl.verhalenbank.15620
Rindert hie forkearing yn Stiensgea. Hindrik Holthuis woe us in grap mei him úthelje. Hy stelde him fordekt op yn in hage mei in ding om him hinne. Sa wachte hy Rindert ôf as dy by de faem weikom. Doe wie 't al ier yn 'e moarn. Mar net sa gau hie Rindert him yn 'e gaten krigen of hy sprong boppe op him en raesde: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer!" Dat...
nl.verhalenbank.23954
Yn 'e tiid dat plysje Bekkema hjir noch stie kom ik ris op in nacht let thús. 't Wie ljochtmoanne-waer. Doe't ik omtrint thús wie, sprong der in geit oer fjouwer triedden hinne. Ik tocht dat it ús geit wie. Doe't ik yn 'e hûs kom wie ús eigen geit dêr. 't Hie dus in fremde geit west. (de duvel)
nl.verhalenbank.33015
Twa susters yn 'e Harkema wennen by elkoar. Sy wienen beide al âld. Sy hienen 't der faek oer hawn, dat sy woenen nochris har bilidenis dwaen, mar 't wie der noait fan kom. Doe gebeurde it dat ien fan 'e beiden op bêd lei. Doe kom der in straeltsje ljocht oan midden yn 'e nacht. Dat wie foar har in teken dat se har bikeare moesten. Koarte tiid dêrnei...
nl.verhalenbank.19343
Yn 'e Hamsterheide wie op in jountiid let in man allinne op in paed. Ynienen seach er, dat der in frommes foar him op roan, en doe't er better taseach, miende hy dat it syn frijster Griet wie. Hy tochte ik rin hwat hurder, dan kin ik mei har oprinne. Mar hoe hurder hy bigong to rinnen, hoe hurder ek hja it op in rinnen sette. Nou en dan seach se om en dan...
nl.verhalenbank.15787
Doe't ik noch sa'n jonge wie, gong 't der by ús soms hiel bot oan wei. Dat wie altyd yn 'e nacht, as wy in skoftsje lein hienen. Op in nacht kom myn broer Sjoerd thús. Hy gong op bêd. Even letter, doe fornom er hwat. Der stie in hiel fremd lyts keardeltsje ynienen by ús oer 'e flier. Syn holle kom mar krekt boppe de sitting fan 'e stoel. 't Mantsje wie...
nl.verhalenbank.26234
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Wibe Hut (= Wibe Alma) siet besopen to Eastemar yn 'e herberch. Dêr sieten ek kammeraden fan him. Hy swetste en swearde mar. Ik wòl joun fechte, sei er, as is 't ek mei de duvel. Even letter sette er de kant út nei Harkema, de Swarte Wei en de Achttjinde wei lâns en sa oer de Wytfeanster wei (= Greate Seadswei). Dêr oan 'e kant fan 'e Wytfeanster Wei...
nl.verhalenbank.15875
In keppeltsje jongfolk fierde it heilich avondmael op 'e Tille yn 'e herberch oan 't Knjillisdjip. It gong der bot op in flokken en spotten. Mar ien fan dyselden is dy nachts yn 't baggergat tolânne kom en de oare moarns founen se him. Hy hong dea yn 'e beam.
nl.verhalenbank.21302
Alde Boele wie foar de twadde kear troud mei Fokeltsje-moai. Hja wennen yn Stiensgea. As Boeleom oan 't wurk wie paste Fokeltsje-moai op 'e hoklingen. Op in dei seach se, dat ien fan 'e hoklingen deunsk wie. Mar sy forgeat it dy jouns tsjin Boele-om to sizzen. De nachts kom 't har earst yn 't sin. Doe sei se 't tsjin Boele. Boele wie altyd opljeppen. Hy...
nl.verhalenbank.21647
Edzer Sint dat wie myn pake. Hy praette omstrûpt, dat hat er al syn libben dien. Op in kear wied er ergens oan 't wurk mei Aen klokje. Aen hat it letter forteld. Dû net wytste hwat ik wol, sei er. Né, sei Aen, hoe soe ik dat wite kinne, jong. Ik om in buorrel wol. Hast dan wol sinten? Ikke gjin sinten gebrek ha. Doe liet er in ponge mei sinten sjen, it...
nl.verhalenbank.15899
13