Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: man toverij Place of Narration: Harkema
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier. Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
Alde Foppe Ophús fan 'e Harkema koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie him oan 'e duvel forkocht en hie in wikseldaelder. Hy wie noait earm. Foppe Sint neamden se him. Hy koe lêze noch skriuwe. Edzer Sint dat wie famylje fan him. Dy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.20660
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Myn omke - Thys-om - is al lang dea. Mar hy hat in bern hawn, dat wie bitsjoend. Doe gong Thys-om nei in duvelbander yn 'e Rottefalle om guod. Dy duvelbander sei: "Hjir is in drankje. Mar tink der goed om, ûnderweis kin der wolris hwat wêze, dat dat drankje kapotmeitsje wol." Thys-om wie oer iis, hy hie de redens ûnder boun. Doe't er werom kom fleach der...
nl.verhalenbank.25901
Der wenne hjir op 'e heide in man, dy hie in siik bern. Hy gong nei Wopke ta fan Kûkherne. Dy joech him guod. Wopke sei: "Dat guod wurdt hoe langer hoe hiter ûnderweis. Tink derom en biwarje it goed. Der sil dy wol ien tomjitte komme, hwant jimme bern is bitsjoend. De flesse woardde sa hyt, dat hy koe him op 't lêst hast net langer daeije. Doe wied er al...
nl.verhalenbank.17462
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út." Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús. Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704
7