Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
20 results
Dutch Keywords: man grijpen
Er zaten zowat twintig man bijeen in een café'tje aan een tafeltje. Toen kwam opeens de duivel. Het was een forse man met wratten zo groot als aardappels. Hij stond tussen 't raam en 't deurkozijn. De duivel greep één van die mannen. Na veertien dagen weggeweest te zijn heeft hij hem met de motor teruggebracht.
nl.verhalenbank.24618
Jehannes van der Zee soe op in moarn nei de boer ta. Doe roan der ien mei him op. It like raer. Jehannes wie in rûch man, 't koe him neat skele hwat er sei. "Hwa bistû?" sei er. Mar dy oare sei neat. "Hwa bistû?" sei Jehannes noch ris wer. De oare sei noch neat. Hwa bistû, duvel? sei Jehannes doe. Doe krige dy oare Jehannes beet en hy woarde in hiel ein...
nl.verhalenbank.33366
Remmelt de Haan moest ris op in joun oer in houtsje yn 'e Sumarreheide. Dat houtsje lei dêr oer in sleat. Doe't er sahwat op it midden wie, fortelde er, waerd er opnaem en yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, sei er.
nl.verhalenbank.31639
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
By him thús gong it ek altiten raer. Op in joun siet er yn 'e hûs by 't fjûr. Doe kaem de duvel. Dy die de doar iepen en wonk him. As er woe of net, hy moèst der hinne gean. Hy kom fan 'e stoel ôf en gong nei 't achterhûs. Dêr waerd er sa bot troch de duvel tramtearre, dat hy raesde it út. Hy lei as foar dea.
nl.verhalenbank.18162
Alde Jan Stokje wenne op it Hegelân to Jistrum. Op in kear hied er him slim misdroegen yn 'e kroech. Underweis nei hûs ta hat ien him opnom en smiten. Hy woarde oer diken en sleatten hinne smiten. 't Swit briek him ta alles út. Hy hat it sels forteld. It wie de duvel dy't him to pakken hawn hie.
nl.verhalenbank.29292
Der siet ris ien yn 'e kroech. Dy sei it raer op en liet him ûntfalle: "As der dan in duvel is, dan kin er my dêr op 'e brêge pakke." Doe't er oan 'e brêge takaem stie dêr in lyts mantsje. Dat woarde greater en greater mei't er tichterby kom. Doe't er op 'e brêge wie, hie dyselde him beetkrigen en in ein fuortsmiten. It wie net ien oars as de duvel. Hy...
nl.verhalenbank.27449
Lytse Remmelt de Haan kom us in kear fan Garyp nei Gariperheide ta. Hy kom yn it hûs fan âlde Tamme Hooijenga. Hy hie 't einekroes yn 't hier sitten. "Hwat nou?" sei Tamme. Hy sei: "Ik kom de houtsjepaden lâns en ûnderweis sweefde der hyltyd hwat achter my oan. 't Hie gjin fuotten. It wie de duvel. Doe't ik oan 'e dobbe ta wie, pakte er my by 't hier en...
nl.verhalenbank.32496
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea. Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us: Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
Alde Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear doe hied er timmere yn 'e Hamster Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. It bakje mei it timmerridskip hied er op 't skouder. Ruerd wie in wyldeman. 't Wie al hast tsjuster en hy moest oer de houtsjes. De paden roannen dwars troch 't lân hinne. Dat is nou noch sa. Hy...
nl.verhalenbank.27670
Remmelt de Haan is in kear op 'e heide fuortsmiten yn 'e sleat. Der roan ien njonken him, sei er. Dat wie de duvel. Skoanheit en dy ha him wer nei hûs ta brocht. Hy kaem by pake en dy dweiltrochwiet. Heit wie doe noch yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32494
Op it Wyldpaed is it faker as ien kear gebeurd, dat in ûnforskillich man troch de kweade smiten waerd, soms oer beammen en al hinne.
nl.verhalenbank.29926
Alde Rinse de Wind fan 'e Harkema hat ek us in ûntmoeting hawn. Dy waerd dêrby ek smiten.
nl.verhalenbank.25414
Jan Masker wenne by de Petten ûnder Harkema. Dy is us in kear smiten woarn achter de dongskerne. It wie in lyts swart keardeltsje dy't him dat lapte. Dat mat de duvel west ha.
nl.verhalenbank.20369
Trije mannen fan Kollum wienen op stap. 't Wienen rare, alle trije. Se wienen in ein bûten Kollum. "Sjoch," sei de middelste, "dêr komt de duvel oan." Doe waerd er pakt en in ein fuortsmiten. De oare beiden sochten om him en op 't lêst ha se him foun. Hy seach der raer út. Doe kuijeren se mei har trijen fierder. Mar in skoftsje letter waerd er wèr smiten,...
nl.verhalenbank.32145
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie boerearbeider. Hy wie in greate spotter. Op in moarn soed er nei de boer ta. Doe is er troch de kweade smiten woarn. Dy hat him sa tramtearre, dat hy hat der wit hoe lang siik fan west.
nl.verhalenbank.20319
Ruerd van der Veen wie timmerman. Hy timmere us in kear op 't kleaster. 't Wie in ûnminske. Doe't it wurk de jouns dien wie, moest er skean de lannen troch en de bartsjes oer, dan wie er 't gauste thús. Doe stie er foar ien fan 'e bartsjes. Hy soe der oer. Mar oan 'e oare kant stie èk ien. Ruerd sei: "Ik der oer of dû der oer, g.v.d. Dêr wei, siz ik dy,...
nl.verhalenbank.25352
Ik heb verteln heurd van mien oln, dat er iens iemand met n waagn over de weg ree en toen zag ie n hond achter hum aankomen. Eerst dochde, dat et n beest was, moar t wur hum dudelijk, dat de duvel et was. Want er liep n rad uut de waagn. En dat rad rolde noast de waagn over de weg met. Dat was ja gek. De man van de waagn of? Dat kon ja niet. Ie greep de...
nl.verhalenbank.46173
Ik heb mien voader wel es heure vertelle over werwolve. Hé’j had da wer gehörd van grötvoader. Op ’n keer mos grötvoader vör grötmoeder popkes gon hoale bé’j iemand achteraf ien Huse. Want grötmoeder was bang, da ze kanker had. Popkes of kankerpoppe ware dinge, die te kriege ware bé’j inkele manne of vrouwe die ze eiges mieke. Worvan wet ik nie. Ik het ze...
nl.verhalenbank.44783
18