Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: kroeg Place of Narration: Harkema
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.33644
As Bauke Schievink to Harkema nei hûs ta gong wie de duvel by him. As er út 'e kroech kom, krige er faek klappen mei de swipe fan 'e duvel. In dochter fan Bauke Schievink hiet fan Metsje. Dy lei de kaert oan oare minsken út.
nl.verhalenbank.17448
In kloftsje folk wie meielkoar fan 't Jachtfjild kom út 'e kroech. Ien fan har bleau mei syn faem achter. Hy hie 't freeslik opsein yn 'e kroech en de duvel der hyltyd mar by roppen. Doe wie der ûnderweis in dikke houn út 'e daem tofoarskyn kom, dy hie him ôfgryslik tatakele. Syn faem wie der by wei roan.
nl.verhalenbank.22307
Wibe Alma kom út 'e kroech op 't Jachtfjild. Hy wie ien fan houwen en slaen en as er in slokje op hie wie der gjin hûs mei him to hâlden. Hy sei, hy woe slaen, as wie 't ek mei de duvel. It gong de kastlein to fier. Der út, rôp er, hwant it wie tiid fan sluten. Men koe elk ogenblik de plysje forwachtsje. Doe rekke Wibe der dan út. Mar op 'e wei wie in...
nl.verhalenbank.16854
Jan van Houten wie sa'n twintich jier âld. It wie in greatsprekker en in spotter. Hy fordomde God en alles en hy wie foar de duvel net bang, sei er. Op in nacht kom er út in café. Underweis woarde hy sa bot slein, dat hy rekke bûten kennis. Doe't er wer by kom dienen de lea him sa sear, dat hy kreunde der oer. De duvel hie him to pakken hawn. Letter wied...
nl.verhalenbank.33414
Hindrik Holthuis is yn 1922 stoarn. Hy sei 't altyd raer op en spotte rounom mei. Op in kear doe hied er yn 'e kroech sitten. Doe't er ûnderweis wie nei hûs hied er hwat troffen. Doe wie er al yn 'e Harkema. Hy koe net sjen hwat it wie en sei: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer." Doe hie de duvel him beetpakt en fuortgoaid en net sunich. Hy hâldde der...
nl.verhalenbank.26350
Wibe Alma kom us in kear dronken fan it Jachtfjild, dêr't er yn 'e kroech sitten hie. Hy hie 't dêr raer opsein. Underweis nei hûs ta seach er in hountsje. Doe sei er: "Dat is in duvel." "Der binne sawn duvels," sei er, "ik sil dy dea skoppe." Wibe gong nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. Kei Kooistra, ek ien fan 'e Harkema foege him by Wibe. Dy roan mei him...
nl.verhalenbank.25773
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op. Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Der wienen trije man: Tseard van Dekken, Wander de Boer en Pier Alma, dy sieten yn Stiensgea yn 'e kroech. It wienen alle trije greate spotters en sy bisluten om dêr 'avondmael' to hâlden, hwant dat dienen se dy jouns ek yn 'e tsjerke. Mar sy binne dy jouns raer thús kom. Sy waerden ûnderweis alle trije troch in ûnbikende slein en omseame.
nl.verhalenbank.16927
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk. In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Wibe Alma hie op 't Jachtfjild yn 'e kroech sitten. Hy wie doe noch net troud, mar hie forkearing mei Griet. Doe't er by syn hûs kom, stie dêr in faem by de doar to laitsjen. Wibe sei: "Bistû dat, Griet?" Hwant it wie de gedaente fan Griet. Mar it wie Griet net, it wie in forkearden (de kweade). De doarren gongen út har sels foar him iepen, doe't er yn 'e...
nl.verhalenbank.27289
Yn Surhuzum is 't us gebeurd, dat in keppel jongfolk dêr yn 'e herberch it heilich avondmael fiere woenen. Ik haw in man kend dy't it sels mei dien hat. De wyn stie op 'e tafel en de bôlle der by. "Sesa," seinen se, "alles is ré foar it avondmael. Allinne de dûmny ûntbrekt noch." Doe wie der ien ynkom mei in houten skonk. Dat wie de kweade. Doe binne se...
nl.verhalenbank.22187
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
Hindrik Holthuis, dat wie syn heit. De Holthuzen binne ôfkomstich fan Dútslân. 't Wie earlik folk mei in goed karakter. Mar o hwat wie Hindrik in raren-ien yn syn jonge jierren. Hy flokte as in ketter en hie rounom de gek mei. Faek wied er dronken. Hy is op in kear smiten woarn troch de kweade. Guon sizze dat er doe bikom wie, mar ik haw ek wolris...
nl.verhalenbank.32988
14