Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: kinderen Place of Narration: Harkema
Op Driemunt hâldde froeger in wearwolf ta. It wie in soart duvel. Hy is ûnderskate kearen sjoen woarn. Us mem sei: "Pas op, jonges, as de wearwolf jimme net to pakken krijt."
nl.verhalenbank.17526
Kaerten mochten wy froeger net yn 'e hûs ha, hwant dêr siet de duvel yn, sei mem.
nl.verhalenbank.24348
De bern hienen in pûdtsje duveldrek op it boarst en roggekerls binaeid yn 'e seamen fan 'e klean.
nl.verhalenbank.23446
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Earde Weening hat in pear bern forlern, dy wienen bitsjoend troch âlde Vogeltsje. Greate Wopke hat dat útmakke, mar hy koe de bern net mear helpe.
nl.verhalenbank.20134
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie. Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend. Doe ha 'k...
nl.verhalenbank.25724
Op in kear siet Hindrik Pyk (= H. Ophuis) op 'e Oenseheide by de Krúswei yn in boskje, mei it himd út. Hy fangde himsels de luzen ôf. Syn bern founen him dêr tafallich. Dy roannen hurd nei hûs ta en rôppen: "Mem, mem, heit sit yn 't boskje op 'e Oense-heide to luzefangen!" Mar hwat wie 't gefal? Hindrik Pyk siet moai yn syn hoekje thús by de tafel. Hy hie...
nl.verhalenbank.19983
8