Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
41 results
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Harkema
Edzer Sint koe soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte. Dat wie in fremd man. 't Koe wol wêze, dat er sinten brûke moest, mar in oar net bitelje koe mar dat er de oare deis in berch jild hie. Hy hie him forkocht oan 'e duvel. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.16857
Yn 'e Hamsterheide wie in fanke oan it útinoarstruijen fan mollebulten. Doe kom der in âld wiif by har. Dy frege har: "Fynst wol us hwat?" "Né" andere it fanke. "Dan mast mar us ûnder d_ mollebult sjen." It fanke die it en doe foun se twa botsens. Mar doe nom it âld wiif it fanke de mûtse fan 'e holle en flybke der yn. Mar it fanke wist, dat it âlde wiif...
nl.verhalenbank.21258
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat." De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe." De...
nl.verhalenbank.16887
Foar tsjoensters mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
nl.verhalenbank.20670
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.22255
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
nl.verhalenbank.24344
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms. Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
Myn âldste suster Janke lei noch yn 'e widze. Hja is nou al stoarn. Mar doe yn dy tiid kom der altyd in bolkoerrinster by heit en dy oan 'e doar. En dan sei se: "Mei 'k even 't popke sjen?" Dat sei se dan troch de doar. It bern wie lang net goed, it woarde rûch fan megerens. Heit sei tsjin mem: "Nou mast dy âlde duvel hjir net wer yn 'e hûs komme litte."...
nl.verhalenbank.33001
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
nl.verhalenbank.23440
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Piter Haisma hie in keppeltsje bargen, dy rekken siik. Piter wenne njonken âlde Vogeltsje. Hy gong nei Wopke ta. Dy sei: "Dyn bargen binne bitsjoend." Hy joech Piter guod mei en sei: "Jimme matte âlde Vogel net wer yn 't achterhûs talitte." De bargen binne wer better woarn.
nl.verhalenbank.20135
Ik moest wol us nei âlde Frearke Vogel om turf. Dan krige ik duveldrek mei yn 'e bûse. Hwant it âld-wiif wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.22285
Piters Lys hjir op 'e Bulten hat bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Dat is noch mar even lyn. Hat men guod fan 'e duvelbander, dan mat men der om tinke dat men dat goed achter slot hat. Dat meije oare minsken net sjen.
nl.verhalenbank.24636
Earde Weening hat in pear bern forlern, dy wienen bitsjoend troch âlde Vogeltsje. Greate Wopke hat dat útmakke, mar hy koe de bern net mear helpe.
nl.verhalenbank.20134
Wy hienen froeger by ús thús altyd duveldrek ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargebakken. Dat wie fanwege de tsjoenderij.
nl.verhalenbank.26269
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust. Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
nl.verhalenbank.21250
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
41