Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Eastermar
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515
In âld frou yn 'e Harkema koe de duvel ta de hurddobbe út komme litte, seinen se.
nl.verhalenbank.36176
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. Hja bitsjoenden foaral bern en makken krânsen yn 'e holkessens. It bern woarde siik en de âlders gongen nei in duvelbander ta. Frânse Hinke fan Rottefalle of greate Wopke fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.36177
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net yn komme.
nl.verhalenbank.29320
Die men duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.28384
Se leinen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel om tsjoensters to kearen. Piter Rauwerda syn heit gong ris nei Jonge Jan fan 't Wytfean ta om duveldrek. Doe sei Jonge Jan: "Dû trefst it, hy hat krekt skiten."
nl.verhalenbank.36173
Se kearden de tsjoensters mei duveldrek. Yn Grinslân dienen de boeren duveldrek yn 'e waeifetten fan 'e keallen en hjir dienen se it wol by de bargen yn 'e trôgen.
nl.verhalenbank.33615
In tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan it slachtoffer. Frânse Hinke joech de rie dy krânsen to forbrânnen.
nl.verhalenbank.33614
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan moest de duvelbander komme, dy brocht de saek wer yn oarder.
nl.verhalenbank.34643
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea. As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315
Durk van der Meer lei mei 't skip yn 'e haven to Eastemar, foar it hûs dêr't nou Willem de Vries wennet. Ien fan 'e famkes rekke siik en Durk en dy fortochten Sieds Iebeltsje, dy't yn 'e keamer dêr foar oer wenne. Dy soe har fanke wol bitsjoend ha. Der sieten krânsen yn 'e kessens. Hja gongen nei de duvelbander ta en krigen it bern wer better.
nl.verhalenbank.21879
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje. Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
12