Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: geld Place of Narration: Kollumerzwaag
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Mar dan is de siele nei de kelder. Dy't ienkear frijmitselder is mat it bliuwe. Wolle jo by de frijmitselers wei, dan wurde jo op de iene of oare wize fan kant makke.
nl.verhalenbank.25197
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Der wie in boerke, dat hie forlet fan jild. Doe kom de âld feint by him, dy sei: "Ik woe dyn siele wol keapje." "Dy kinst àl krije," sei 't boerke, "mar dan mast my dizze lears fol jild leverje." "Nou," sei de âld feint, "dat nim ik oan. Hingje dy lears mar oan 't groubynt yn 'e skuorre. Mar as ik him fol ha, dan pak ik dy direkt." "Bêst", sei 't boerke,...
nl.verhalenbank.25194
Dy't frijmitselder wurde wol, mat syn namme skriuwe mei eigen bloed en forklearje dat er him oan 'e duvel forkeapet. Dan kriget er ƒ 20.000. By 't Wyldpaed wenne Japik Veenstra, - in broer fan Tseard Kuorke - dy hie forlet fan jild. Hy gong nei 't gebou fan 'e frijmitselders ta. Hy kaem der yn. Ik mat sinten ha, sei er. Dat koe wol, mar dan moest er syn...
nl.verhalenbank.17015
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy ha noait gjin forlet fan jild. Sy ha in wikseldaelder. Dêrfoar binne se oan 'e duvel forkocht. Oan in tiid ta, dan hellet de duvel har. Dy't dêr by wol wurdt blyndoeke yn in keamer litten. Om 'e sawn jier moat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Dy't ienkear frijmitseler is, kin der net wer by wei. It kontrakt mat er mei...
nl.verhalenbank.26326
By Piters Willemke hong elke moarn in ponge mei jild oan 'e doar. Dat jild brochten se har yn 'e nacht. Mar 't wie duvelsjild. Sy hie har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.17012
Frijmitselers ha altyd jild. Hja hingje de lege ponge mar op, de oare moarns is er wer fol. Dêr soarget de duvel foar. Om 'e sawn jier mat der ien dea, dat wurdt fan tofoaren ôfpraet.
nl.verhalenbank.37377
Op 'e Sawnbulten wenne in âld bryk wyfke, dat kwealik roan. Mar likegoed, troch har swarte kunst wie se samar in ein út 'e reek. Har eigen man wie bang foar har.
nl.verhalenbank.15747
Stammerige Harm syn skuorke moest dutsen wurde. Ruerd Schutter en Ielk wennen by him yn. En Ielk har heit ek noch. Der wienen twa man om to dekken. Alde Harm sei: Ik sil even molke helje by Japik wei en dan sil ik ek koeke meinimme, dan kinne wy aenst kofje krije mei in stik koeke der by. Ik mat even sinten ha, sei er. Doe krige er in blikken...
nl.verhalenbank.16098
10