Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
38 results
Dutch Keywords: geld duivelscontract
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen. De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Guon dy't in wikseldaelder ha sitte noait sûnder jild. Om in wikseldaelder to krijen matte se har earst oan 'e duvel forkeapje.
nl.verhalenbank.32782
Stammerige Harm wenne yn Sweagerbosk. Hy handele yn fodden en bonken. Hy hie in wikseldaelder, dy hie er fan 'e duvel, seinen se. Dêrtroch hied er altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.30972
Mei frijmetselaren is dat ek sa. Dy ha ek in wikseldaelder. Dy ha 't jild èk op 'e fingerseinen.
nl.verhalenbank.30973
Dy't jild fan 'e duvel ha wol moat mei in swarte kat yn 'e sek yn 'e nacht trije kear om 't tsjerkhôf rinne. Dan stiet dêr ien, dy mat er de kat jaen. Thús mat er in swarte sok oan 'e line hingje jouns, dan is dy de oare moarns fol jild. In grize sok jowt neat. Mar nei 14 dagen is sa'n ien dea.
nl.verhalenbank.31056
Frijmitselers forkeapje har siel oan 'e duvel. Dêr krije se jild foar yn 't plak. Oan jild ha se noait gebrek. Nou en dan hâlde se in forgadering yn in gebou. Dêr wurdt dan ien útkiesd, dy't ien formoardzje mat.
nl.verhalenbank.29592
Gjert Dalstra (= Lytse Kei) fan 'e Tike wie in frijmitseler. Hy hie him oan 'e duvel forkocht foar in wikseldaelder. Dy wikseldaelder hied er yn in koer en dy koer hong oan 't ûleboerd. Dat ûleboerd wie net ôfmakke woarn. Op in pear plankjes nei. Lytse Kei hie noait forlet fan jild. Alle Maitiden gong er nei Zoutkamp, nei in boer op 'e klaei op 'e bou.
nl.verhalenbank.32602
Fan ien, dy't noait forlet fan jild hat, sizze se: dy hat fêst in wikseldaelder. In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Hy rekket noait op yn 'e beurs. Altyd groeit er wer oan dat de folle waerde wer yn 'e beurs sit.
nl.verhalenbank.31563
Der wie in boer, dy hie forlet fan jild, mar hy koe nergens jild krije. Doe kaem de duvel by him. "Kinst fan my wol jild krije," sei de duvel, "mar ik mat it op dy en dy datum werom ha mei rinte, en sa net, dan bist dyn siele kwyt." De boer liende it jild, mar doe't de duvel letter op 'e ôfsprutsen datum forskynde, hie er it jild net. "Dan dyn siele", sei...
nl.verhalenbank.30547
Piters Willemke wie in tsjoenster. As dy forlet hie fan jild, dan hong se jouns in lege ponge oan 'e doar en de oare deis siet dy fol jild.
nl.verhalenbank.30089
Jan Kluwer roun mei de skearsliperskarre. Hy sei: As it pap regent, dan liggen onze schuddeltjes ommegekeerd. "Sliep! Sliep!" rôp er, as er achter de karre roun. Hy hie net folle to dwaen. Der waerd sein dat er him oan 'e duvel forkocht hie. As er yn 'e Súd-oast-hoeke fan Fryslân tahâlde sliepte er yn 't folksloazjemint fan Terwispel, dêr't Janne yn...
nl.verhalenbank.32007
Piter hie in wiif, dat wie in tsjoenster. Nachts wie se der op út, dan lei de pânse allinne op bêd. Piter sels hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan jild hie, dan hong er in lege jildponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. Dat die er jouns. De oare moarns siet der jild yn.
nl.verhalenbank.25431
Hjir hat in man wenne, dy syn bynamme wie Sint. Hy praette net to fris. Dy man hie in protte sinten, dêrom hied er dy namme tink. Op in kear siet er oan 'e kant fan 'e feart to jildtellen. Sa trof pake him. "Hwat hastû in jild, jonge", sei pake. "Dû kinst ek wol safolle jild krije", sei er tsjin pake. "Dan mast mei in swarte kat trije kear om 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.25356
De frijmitselers ha gjin finsters yn 'e gebouwen, dêr't se yn by elkoar komme. Sy wurde der blyndoeke yn brocht en sy matte der ek wer blyndoeke út. Sy wite noait mei hwa't se handele ha. Fan sinten ha se noait forlet, de iene helpt de oare. En oars de duvel wol. As jo ienkear frijmitseler binne matte jo it jou hiele leven bliuwe. Jo kinne der net wer by...
nl.verhalenbank.25434
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel. Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild. Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
nl.verhalenbank.29481
Frijmitselers binne minsken dy't in forboun mei de duvel ha. Jild ha se altyd genôch om hannen. Om 'e safolle jier mat der ien dea. Dy is dan foar de duvel.
nl.verhalenbank.31187
Lytse Remmelt de Haan, dy't meastal Pints neamd waerd, wie in frijmitseler. Hy joech altyd mar twa fingers as er ien lokwinske. Hy hie in kontrakt mei de duvel sluten, seinen se en hie dêrtroch noait gebrek oan jild. As der in frijmitseler yn 'e earmoed rekket, wurdt er altyd troch oaren holpen. Men kin der net wer by wei, as men ien kear lid is. Der...
nl.verhalenbank.31613
Fan 'e frijmitselers giet om 'e sawn jier ien dea. Dat mat. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Se ha altyd in protte sinten om hannen en kinne dwaen en litte hwat se mar wolle. Dat jild komt fan 'e duvel. Dy hat har yn 'e macht. Soms mat ien der in earm ôf ha.
nl.verhalenbank.30053
37