Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: afdruk Place of Narration: Harkema
De earste brêge dy't men krijt fan de Burgumermar nei Grins, neì de Strobosterbrêge, dêr is de duvel alris oer de feart sprong. Sy wienen dêr mei de brêge oan 't bouwen, dy wie noch net klear. Doe moest dêr in man lâns, dy tocht: Hwat bigjint it dêr to sûzjen. Hy sjen, en doe seach er, der sette hwat ôf oan 'e iene kant en dat kom oan 'e oare kant it...
nl.verhalenbank.25520
Yn Twizelerheide wie 't jongfolk altyd oan 't streekjesmiten. Dêrby gong it op in swearen en swetsen en sy flokten as ketters. Dàn bigongen se to fierspringen, de lânnen yn. Hyltyd mar fierder fan hûs. Der wie ien by, dy koe ôfgryslike fier springe. Der wie hast net ien, dy't him bispringe koe. Hy sei altyd: "Der is net in duvel dy't sa fier springe kin...
nl.verhalenbank.23673
De duvel hat hjir yn Fryslân ergens al us oer de feart sprong en doe is de print fan syn hynstepoat achterbleaun. Dat mat noch to sjen wêze.
nl.verhalenbank.23928
Ien fan 'e Harkema hie yn Stêdskanael arbeide. Dêr hied er aerdich hwat jild fortsjinne en hy hie in moai stik yn 'e kraech. Doe gong er dan op hûs yn. Mar hy hie dy jouns bot flokt en sweard. Underweis kom der him ien op side en dy krige him by 't skouder en dy smiet him. Letter hat er altyd de print fan dy hân op 't skouder hâlden.
nl.verhalenbank.16928
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út." Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús. Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704
5