Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
22 results
Place of Narration: Twijzel
Frijmitselers binne freonen fan 'e duvel. Dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.33574
Yn Grypskerk stie in keppeltsje jongfolk by de brêge, dy forswarden de hiele boel, de duvel en alles. Der wie ien by dy sei 't o sa raer op. Dêr wie de duvel oan kom en weefde mei dy man ôf. Yn 'e sark fan 'e brêge stiet noch de poat fan 'e duvel ôfbylde, dêr't men oan sjen kin dat hy dêr west hat.
nl.verhalenbank.28197
Guon fan Droegeham sieten yn 'e kroech to Koatstertille. 't Wie jongfolk. Sy fierden it hillich avondmael. Dat gong spottenderwize. Ien fan dy jongemannen wie de soan fan Sierd fegermakker. Dy is ta de kroech út roan en dy is doe ûnderweis smiten woarn. De duvel hat him yn 'e Hamstermieden yn in sleat goaid. Dêr ha se him de oare deis dea foun. Hy hie de...
nl.verhalenbank.33573
Op 'e Wedze roan altyd in dikke siperske kat om. Doe't se alles mei duveldrek bismarden, wie de kat fuort.
nl.verhalenbank.28003
Om gjin lêst fan tsjoensters to krijen dienen se froeger duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.33567
Stammerige Harm wenne oan diz kant de Swadde. Hy hie in wikseldaelder. Hy hie apart in ponkje yn 'e bûs, dêr siet dy wikseldaelder yn. Soms sei er: "Hjir, krij him mar." Mar dan seinen se: "Net oannimme, hwant dan ha jo in wikseldaelder, en dy wurde jo noait wer kwyt." Harm hie in lamme hân. Syn wiif bihandele er och sa min. 't Minske wie sikelik en hie...
nl.verhalenbank.28013
Frijmitselers hienen har oan 'e duvel forkocht. Se hienen in wikseldaelder, dat is in ryksdaelder, dy't noait op rekket. Dy droegen se altyd by har, dy rekken se noait wer kwyt. Sy krigen sa'n wikseldaelder fan 'e kweade. Stammerige Harm hie ek in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Us heit leaude fêst dat er sa'n wikseldaelder hie. Dy't ien kear...
nl.verhalenbank.33592
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
By Liuwe Janke wienen de piken bitsjoend. Ek de kat wie bitsjoend. It beest lei oer de telle. Der woarde duveldrek helle. Der woarde de dieren koetsehout om 'e hals boun en duveldrek ûnder 'e poaten smard. Doe woarden de dieren wer better.
nl.verhalenbank.28001
Om in lulke houn to kearen dienen de minsken liuwefet yn 'e gongelstok of sy droegen duveldrek by har. Dan woarden de hounen binaud.
nl.verhalenbank.28014
As de hinnen bitsjoend wienen, leinen se oeral duveldrek del. Yn 'e Twizelermieden wienen 't wol gauris de bargen dy't bitsjoend rekken. Wie der in kealforsmiter, dan hie der forkeard folk west.
nl.verhalenbank.28002
Yn Twizelerheide wienen it froeger allegearre tsjoensters. Dy hienen it meastal op bern forsjoen, mar ek wol ris op greate minsken. Wienen der guon bitsjoend, dan gong men nei greate Wopke ta. Dy joech dan meastal in drankje mei. Der mochten dan gjin oare eagen oer gean.
nl.verhalenbank.33585
Ik haw sels ris nei Wopke ta west, doe hie ik in njoggeneach oan 't bil. Dêr hie 'k gâns lêst fan. Ik moest dêr ek de binnenste blêdden fan in wite koal op lizze, doe wie dy njoggeneach der samar wei.
nl.verhalenbank.33587
As in tsjoenster ien bitsjoende tsjoende se tagelyk in krâns yn 't bêd. Se gongen nei de duvelbander ta om der fan forlost to wurden.
nl.verhalenbank.33601
As in bern bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Heit hat der mei myn suster hinne west. Dat wie doe noch in famke. Se krige in dikte oan 't wang. Wopke hat har wer better makke.
nl.verhalenbank.33571
Yn Jistrum wie in jongfeint dy hie 't raer opsein. It wie der fier by troch. Doe't er dy jouns op 't Wyldpaed kom, woarde er optild en smiten. Neffens it sizzen mat dat it wurk fan 'e kweade west ha.
nl.verhalenbank.33607
Op in kear sieten der guon by har yn 'e kroech, dy seinen it raer op. Doe't se der út gongen woarde ien fan har samar opnom en fuortsmiten. Hy kom wer oerein. Mar doe woarde er dwars troch 't glês hinne smiten. Hy siet ûnder 't bloed, sa bot wie er skopt en slein woarn. Der hie in fremden west dy hie mei him wraksele. Dat wie de kweade. Dy hie him ek wer...
nl.verhalenbank.33534
To Kollumersweach wie 't gauris mis op 'e plaetsen. De wine bigong út harsels to draeijen. De hynders sieten fêst yn 't tou en sprongen oer de peallen hinne. De wein sloech in reed op, mar koe net fierder, hwant der sprong in speake út it tsjil. Fûgels, houn en katten rekken bitsjoend. It rêdmiddel wie altyd: duveldrek. To Kollumersweach, by 't...
nl.verhalenbank.28006
Wopke wie net allinne in duvelbander, hy wie ek wûnderdokter. Hy joech faek goeije rie hwant hy wie o sa kundich. Der wie ien, dy syn skonken sieten ûnder 'e rare plakken. 't Wie allegear iepen. Doe joech Wopke to rieden, hy moest de binnenste blêdden fan in wite koal op dy plakken lizze en dêr in wynsel omhinne dwaen. Dy koalblêdden mochten der net...
nl.verhalenbank.33586
Joast Wiersma hat in hiel soad minsken genezen. Ik haw ris in swolme tean hawn. Dêr moest deis sûpenbrij op, sei er, en nachts in fiich. Ik wie mei trije dagen wer klear. Rudmer Binnema lei yn 't sikenhûs. Dy moest de foet der ôf ha. Mar dêr wie er fuort net oan ta. Hy gong nei Joast en dy joech him in middel. Doe hat er de foet bihâlden. Letter is er...
nl.verhalenbank.33602
22