Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
27 results
Place of Narration: Mûnein
Op 'e Sumarreheide wennen twa minsken, dy werkten noait. Se dienen noait in slach. Hoe koe dat sa? Hja hienen in wikseldaelder. Jowe se sa'n wikseldaelder út, dan komt er altyd werom. Sa'n wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't in wikseldaelder hat, is oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.30362
Der wie in boer, dy hie forlet fan jild, mar hy koe nergens jild krije. Doe kaem de duvel by him. "Kinst fan my wol jild krije," sei de duvel, "mar ik mat it op dy en dy datum werom ha mei rinte, en sa net, dan bist dyn siele kwyt." De boer liende it jild, mar doe't de duvel letter op 'e ôfsprutsen datum forskynde, hie er it jild net. "Dan dyn siele", sei...
nl.verhalenbank.30547
Frijmitselders sieten ûnder diktatuer fan 'e kweade. Dy't it ienkear wie siet der oan fêst. In frijmitselder hat net in eigen wil. Guon matte it paed romje. Dat wiist it lot út.
nl.verhalenbank.32290
Fan 'e frijmitselers giet om 'e sawn jier ien dea. Dat mat. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Se ha altyd in protte sinten om hannen en kinne dwaen en litte hwat se mar wolle. Dat jild komt fan 'e duvel. Dy hat har yn 'e macht. Soms mat ien der in earm ôf ha.
nl.verhalenbank.30053
Der wie in boer, dy hie in hiel âld pleats. Dy wie sa min, dat de muorren koenen 't hast net mear hâlde. Dy boer woe o sa graech in nije pleats ha, mar dêr hied er gjin jild foar. En dat wist de duvel. Doe't dy boer in kear allinne op 'e wei om roun kaem de duvel njonken him to rinnen. De duvel wist alles fan 'e boer syn swirrichheden. Hy sei: "Forkeapje...
nl.verhalenbank.30038
Ik haw yn Sumarreheide by in minske yn 'e kost west, dat wie Aeltsje Robyn-Klompstra. Dat minske hie altyd krap sinten. 't Wie altyd earmoed by har. Op in kear hie se nei Sumar ta west. Doe sei se by har sels: "Hie 'k mar hwat jild om hannen." Hja roun de Pasterijelânnen del en doe lei dêr by de bocht in hiele protte jild foar har. Mar hja tocht: dit is...
nl.verhalenbank.30325
Swarte Jehannes wenne yn in aekje. 't Wie in sûnderling man. Op in kear soed er beantsjes ite. Sa't er se yn 'e panne hie, gong de duvel oan 'e oare kant fan 'e tafel sitten, èk mei in panne mei beantsjes. Doe sei Jehannes: "Is 't van de Here, kom tot mij. Is 't van de duivel, wijk van mij." "En," sa fortelde Jehannes, "hy fleach om my hinne as de...
nl.verhalenbank.30035
Alde Evert Willems wie in raer man. It koe him net folle skele hwat er sei. Mar op in kear op 'e Reidfjildsdyk is de duvel by him kaem. Dy hat him boppe oer de beammen hinne smiten. Doe is Evert aerdich bikaem. Hy is bikeard rekke en gong dêrnei geregeld nei tsjerke.
nl.verhalenbank.36621
Yn 'e Dokkumer Wâlden is it forskillende kearen gebeurd dat in man dy't yn 'e nacht ûnderweis wie, samar in ein fuortsmiten woarde. Sa'n ien hie dan yn 'e herberch sitten en rare wurden sein. Dan rêdde de duvel mei him.
nl.verhalenbank.30025
Dy't in flesse jenever ha wol kin dy fan 'e duvel krije mei bihelp fan Skoppenboer. Op in kear sieten der in pear lju by elkoar. Dy woenen ek in flesse drank ha. Hja bounen skoppenboer mei in toutsje oan 'e hals fan 'e flesse. Doe kaem der ien oerein en dy joech de flesse by de doar oan. 't Wie in lege flesse fansels. In oaren moest bilove, dat hy de...
nl.verhalenbank.30584
Swarte Jehannes fan 'e Broek lei ris yn 'e Broek mei 't modderskipke. Op in kear, sei er, doe wie 't tsjuster. Doe kom der ynienen hwat oan. Hwat it wie, koe 'k net sjen, mar ik hie wol yn 'e gaten dat it net doogde. Ik sei: "Is 't fan 'e Heare, kom ta my. Is 't fan 'e duvel, wyk fan my." Wylst ik dat sei fleach it om my hinne as in 'briesende leeuw'. Mar...
nl.verhalenbank.36608
As it net tsjernje woe gongen se nei âlde Evert om ried. Dy wenne oan 'e Readtsjerkerdyk. It wie in soart duvelbanner.
nl.verhalenbank.36606
Se dienen froeger faek duveldrek yn 't kealledrinken.
nl.verhalenbank.36625
Muoike hie duveldrek ûnder 'e drompel. Der wienen trouwens ek wol oaren dy't dat dienen om har to bifeiligjen tsjin tsjoenderij.
nl.verhalenbank.30058
De muoike fan my, dêr't njoggen bern fan bitsjoend west ha foun altyd krânsen yn 'e holkessens. Dan gong se nei greate Wopke ta, dat wie in duvelbander, dy wenne yn Kûkherne. Dêr krige se dan medesinen fan.
nl.verhalenbank.30057
By de boer Jan Bonnes Algra yn Sumar hienen se altyd duveldrek ûnder 'e doarren om 'e tsjoensters to kearen. En ek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken hienen se duveldrek yn in lapke mei in toutsje biboun.
nl.verhalenbank.30319
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel as se de tsjoenster net yn 'e hûs ha woenen. Se joegen de bolle ek duveldrek yn, as er net springe woe.
nl.verhalenbank.30046
Rekke der in bern siik, dan waerden de kessens neisjoen. Kaem dêr in krânse út dan gongen se nei de duvelbander ta. De krânsen waerden forbaernd.
nl.verhalenbank.36623
As der hjir ien bitsjoend wie, gongen se nei Willem Everts. Dat wie in duvelbanner. Dy wenne hjir yn 'e Mouneein. Dy gong dan mei nei 't slachtoffer ta.
nl.verhalenbank.30153
Jehannes van der Zee wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie arbeider by Sjoerd Jelkes Algra. Jehannes wie in beul fan in keardel. Hy mishandele it fé. Hy skopte en trape de dieren. Hy wie ôfgryslike wreed. Hy wie rûch en rou en bot. Hy flokte as in ketter. Elke moarn om fjouwer ûre wied er by de boer. Dan kloppe er altyd by de boer op 'e doar. Op in moarn sei...
nl.verhalenbank.30331
29