Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
19 results
Place of Narration: Zwagerbosch
Tsjoensters skrippe altyd mei krintebôlle. De krintebôlle dy't se jowe foroaret yn podden.
nl.verhalenbank.17363
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Jowt men sa'n kat in optuter, dan is de tsjoenster de oare deis skeind. Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes, dêr't se yn pripten. Dy't se bitsjoend hienen, krigen dan pine.
nl.verhalenbank.37718
Der hie yn Sweagerbosk ergens in fremde kat west, dat wie in tsjoenster. Dy kom dêr wol faker. Sy woenen him forbrânne en hienen 't fjûr al oan hawn, mar dy kat wie noait binei to kommen.
nl.verhalenbank.20512
It tilde fan 'e tsjoensters yn 't foarige. In âld wiif mei in doekje om 'e holle koe der mar fan op oan dat se foar in tsjoenster trochgong. Wie der ien bitsjoend, dan gongen se meastal nei de duvelbander fan it Wytfean: Jonge Jan. Inkeld gongen se ek wol us nei greate Wopke.
nl.verhalenbank.16973
Wy woarden as bern altyd warskôge: Yt noait hwat op dat in tsjoenster dy jowt, hwant dat foroaret yn in pod. Tsjoensters hienen popkes, dêr pripken se mei spjelden yn. Wy setten as bern wol in krús op 'e wei mei de klomp. De hiting wie dat de tsjoenster dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.20515
Dêr 't nou de greatste winkel is fan Sweagerbosk, dêr stie froeger in húske mei in grouwe beam der njonken. Yn dat húske wenne in âld man, dy koe tsjoene. Jouns roannen der gauris in stik of hwat katten om 'e beam hinne, en dy mar sjonge en mar sjonge. Wy jagen se wol fuort, mar as wy wer fuort wienen, wienen de katten der samar wer. Sy songen en sy...
nl.verhalenbank.17361
Froeger wie hjir yn Sweagerbosk faek tsjoenderij. Hjir ha minsken wenne, dy krigen in lytse poppe. Dat bern bigong to sukkeljen. Doe gongen de âlden nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan it Wytfean. (Dêr gongen in protte minsken hinne) Doe ha se it bêd iepen makke. Dêr sieten twa krânsen yn, dy wienen hielendal klear. De trêdde in stik hinne. As se...
nl.verhalenbank.17102
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dy koe fleane. Us mem hat har wolris fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.37719
By ús oer de wei wennen lju dy hienen in berntsje, dat sukkele altiten. It bern sliepte op in fearren kessen. Doe ha se yn dat kessen sjoen en doe sieten dêr in pear krânsen yn. Yn dy krânsen sieten allerhande soarten jern. Jern, dat se dageliks brûkten. Allerhande kleuren. In winkelfrou, dy't jern to keap hie, krige de skuld der fan. Dy hie 't bern...
nl.verhalenbank.20521
De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e holkessens fan 'e bern. Ik ha 't ris meimakke, doe wie der ek wer in bern bitsjoend. De minsken makken it kessen iepen en doe hellen se der twa en in heale krâns út. Se wienen der op tiid by. Hienen der trije krânsen yn west, dan wie 't bern dea gong. It gebeurde hjir yn Sweagerbosk. Der sieten yn dy krânsen...
nl.verhalenbank.37717
Ik ha wolris heard dat hjir tsjoensters west ha, dy't âlde roeken ta de hurddobbe útkomme lieten. Dat dienen se mei in toverboek. Dêr lêsden se yn. Lêsden se itselde tobek, dan gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.20894
Woe men wite hwa't de tsjoenster wie, dan moest men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Mar dan moest men der om tinke dat der neat oàrs oer de drompel kom, ek net in hin, hwant dan wie de kracht der út. Se setten ek wol in krús op 'e wei. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme. Dêr moest se omhinne.
nl.verhalenbank.16975
Auke tsiisdrager kom dêr ek us in kear lâns, doe hie dêr op it lân in fjûr stean to barnen, dêr hienen in protte katten om hinne sitten to sjongen. Dêr wienen bikende sankjes ûnder, dy't er wol koe. Op 't lêst wied er fuortgong, hwant hy woarde bang. Doe't er in eintsje fuort west hie, hied er omsjoen. 't Fjûr wie út en fan 'e katten hied er neat mear heard.
nl.verhalenbank.20514
Der wie in âld minske, dat sukkele wol gauris. Op in kear kom dat âld-wiif oan 'e oare kant it spoar, dat de tsjerne bitsjoend hie, us by har. Sy hie in moaije apel meinom en woe ha dy soe dat âlde minske opite. Mar dat die dat âld minske net. Hja hie in pear âldmoaddrige koppen boppe op 'e kast stean en ûnder ien fan dy koppen lei se de apel. De oare...
nl.verhalenbank.17364
In soan fan Jinte Koster hie forkearing mei in faem, dat wie in dochter fan Thomas Klare. Klare en dy dochter wennen togearre. De feint en de faem sieten gauris togearre yn 't keammerke, mar 't duorre net sa mâlle lang, dan kom Klare, de mem, ek. De feint seach dan wol ris om him hinne. Dan wienen de mem en de faem der net, mar dan lei der in pânse op it...
nl.verhalenbank.17365
Famylje fan ús krigen in poppe. Doe't dy poppe in pear maenden âld wie, bigoun se nachts altyd to gûlen. Men koe sjen dat it bern lêst hie. De âlden fortochten it âld minske der fan, dy't de tsjerne ek bitsjoend hie. Doe gongen de beide âldste bern, in broer en in suster fan 'e poppe ris op in joun nei 't âld-minske ta. Sy gongen by har foar de glêzen...
nl.verhalenbank.17360
Froeger, doe't ik noch by heit en mem yn 'e hûs wie, wenne der tichte by ús in feintsje, dêr hie ik wol omgong mei. Ik kom wol faek by harren yn 'e hûs, mar syn mem, dat wie in tsjoenster. Sy sei tsjin my: "Hanne mat mar in stikje krintebôlle ha." Ik hie dêr wol sin oan, mar ik doarst it eins net opite, omt sy in tsjoenster wie. Mar doe sei ús mem tsjin...
nl.verhalenbank.17362
As in koe of in skiep sa siik wie, dan gongen se ek nei de duvelbanner. Dan krige sa'n dier yn 'e measte gefallen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals oan in eintsje tou. Dan hie de tsjoenster gjin fet mear op it beest.
nl.verhalenbank.20524
Ik hie hjir in omke oan diz kant it spoar. 't Wie Japik-om. Dy hie hwat buorkerije en in winkel. Oan 'e oare kant it spoar wenne in âld minske, dat helle alle jounen molke by Japik-om wei. Dan gong se mei Japik-om yn 't bûthús. Dan bifielde en bitaestte se alle seis bisten en dan sei se: "Hwat is dat in moaijen ien en hwat is dat in prachtich bist." Sa...
nl.verhalenbank.17359
19