Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zwarte Place of Narration: Veenwoudsterwal
Tsjoensters dy koenen har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.38074
Tusken de Foarwei en de Achterwei yn Ikkerwâld is in smel paedtsje. Myn frou roan dêr ris lâns, allinne. 't Wie joun. Doe kom dêr in hiele greate, grouwe, swarte houn lâns. It wie in fremde houn. Hja wie fjûrbinaud.
nl.verhalenbank.38203
In âld minske gong hjir op 'e Wâl hiel faek foar in tsjoenster troch. As bern wienen wy deabinaud foar de tsjoensters. Wy wisten dat se har yn in swarte kat foroarje koenen. It is in kear gebeurd, doe seagen se hjir in wylde swarte kat, dy't se mei in klomp smieten. Se rekken him, wûnder boven wonder, hwant katten dy't tsjoensters wienen, wienen eins...
nl.verhalenbank.37859
Der siet ergens in man yn in kroech mei in stik of hwat oaren. It wienen allegearre greate spotters. Hja hâldden in weddenskip. Ien soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht nei in bipaeld grêf en dêr hwat delsette. Dat soe dan dy iene man dwaen. Hy kom op it plak dêr't er wêze moest. Doe't er dêr wie waerd er yn 'e earm knypt. Hy woarde ôfgryslike kjel. Doe't...
nl.verhalenbank.37908
Myn heit handele altyd. Dy joech om niks. Hy sutele mei hânskrobbers, dy makke er sels fan tienen. Op in kear doe roan er by joun fan 'e Westerein nei Feanwâlden, doe kom der hwat achter him oan, dat rattele. Mar 't wie sa tsjuster, hy koe net sjen hwat it wie. 't Bleau deun achter him, en 't rattele mar. Doe't er yn Feanwâlden wie, seach er dat it in...
nl.verhalenbank.38225
Der wie in frommeske fan Kûkherne, dy kom op in joun fan Burgumerheide dêr't se hinne west hie. It is noch net safolle jierren lyn. Doe wie der har ûnderweis - 't wie let op 'e joun - in houn achterop kom. 't Wie in dikke swarte houn mei gleone egen. Dy houn wie hyltyd achter har bleaun, krekt salang oant se thús wie, yn Kûkherne. Doe wie er ek samar...
nl.verhalenbank.37884
Ik haw ris nei Ljouwerter merke ta west, doe stie dêr in tinte mei in swarte spegel der yn. Ik tochte: dêr wol 'k ris hinne. Ik der yn en doe haw ik dan yn dy spegel sjoen. En doe stie dêr myn frou yn. Al sa dúdlik as hwat. Doe hie 'k noch gjin forkearing mei har, mar ik koe har wòl.
nl.verhalenbank.38084
Op in kear kommen Jehannes en ik tagelyk op 'e Heide by Albert en Aefke. Hy mei tsiis en ik mei brea. Albert hie in moaije swarte kat. Jehannes krige dy kat beet by de beide foarste poaten en draeit him om, samar oer de kop. It griisde my oan doe't ik it seach. Mar de kat joech der neat om en hy hie gjin poaten út it lid.
nl.verhalenbank.38080
35