Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: zitten Place of Narration: Veenwoudsterwal
It gebeurde ek ris, doe socht it gerjocht Japik Ingberts. De plysjes wienen mei in rydtúch ta de stêd út kom, rjochting Grins. Doe't se oan 't âld tolhek ta wienen, stie dêr in âld mantsje. "Mei 'k mei ride?" frege er. Hja hâldden stil en hy koe mei ride. Doe hearde hy ûnderweis, dat se Japik Ingberts efter 'e broek sieten. Even foar de Bonkebrêge sei 't...
nl.verhalenbank.38304
Wy sieten ris meielkoar yn 't âlde sûkerijfabryk; Jehannes wie der ek by. Doe rôp Iebel - dat wie Klaes syn mem - : "Ite!" Se seinen tsjin Klaes: "Nei hûs ta jong, dû mast ite." Doe't Klaes thúskom, sei Iebel: "Wy hoeve noch lang net to iten." Doe hie Jehannes wer oan 't bûksprekken west.
nl.verhalenbank.37958
Op 'e Godleas Singel is 't gebeurd dat dêr op in joune let in man lâns kom, dy hie jild ophelle. Hy hie de sek mei jild op 'e rêch, hwant papierjild hienen se froeger net. Der wienen in pear keardels dy wachten him op, dy hienen it op syn jild forsjoen. Hja hienen him noch net sjoen, mar dy man mei jild hie hàr wòl sjoen. Der lei in skou oan 'e kant fan...
nl.verhalenbank.37967
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song. Doe't er út...
nl.verhalenbank.37875
Der wie in man út Feanwâldsterwâl, dy hie yn Hurdegaryp yn 'e kroech sitten. Hy hie 't raer opsein en in goed stik yn 'e kraech. Doe moest er troch de Foksegatten. Doe't er dêr wie, waerd er opnom en oer de beammen hinnesmiten. Hy wie dêrtroch tige eangstich woarn, hwant dit wie it wurk fan 'e kweade. Letter wie er dêrtroch aerdich bikom.
nl.verhalenbank.38207
Hjir hat in hiele sterke keardel wenne, dat wie Japik Broersma. Yn Feanwâlden wenne in greate plysje, dat wie Douwe de Jong. Hwannear't it Feanwâldster merke wie froeger, dan gong it der bot oan wei. De herberch siet fol Westereinders, Broeksters en Feanwâldsterwâlsters en dan gong 't raer, dat siz ik jo. Dan wie de kastlein der mei forlegen. Dan waerd...
nl.verhalenbank.37867
Der wie in feanbaes, dy wenne op 'e Wâl. Hy hie nei de klaei ta west om sinten op to heljen foar de baggelders dy't er dêr levere hie. De jouns kaem er werom. Hy hie in lyts hountsje by him. Hy roan de Godleas Singel del by nacht. Doe't er al in moai eintsje op stap wie hearde hy guon oankommen, mar hy koe se net sjen. Omdat er in protte jild by him hie,...
nl.verhalenbank.37870
Bloedplakken wolle der net wer út as se fan in moart ôfkomstich binne, ha 'k wolris heard.
nl.verhalenbank.37904
Myn pake gong froeger wol nei de klaei ta to meanen, dat wie yn 'e buert fan Bolswerd en Snits. Hja hienen in tankje mei nei 't lân, dêr siet wetter yn, dêr't se fan dronken. Doe't pake en dy de moarns yn 't lân kommen - dat wie sahwat om healwei fjouweren hinne as se bigounen - hie der in frommeske op it tankje sitten. Pake hie 't klear sjoen. 't Hie...
nl.verhalenbank.37883
Der siet ergens in man yn in kroech mei in stik of hwat oaren. It wienen allegearre greate spotters. Hja hâldden in weddenskip. Ien soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht nei in bipaeld grêf en dêr hwat delsette. Dat soe dan dy iene man dwaen. Hy kom op it plak dêr't er wêze moest. Doe't er dêr wie waerd er yn 'e earm knypt. Hy woarde ôfgryslike kjel. Doe't...
nl.verhalenbank.37908
Heit fortelde, hy hie ris op in joun nei Feanwâldsterhoek ta west to praten. Doe gong er werom op hûs yn. Dat wie hjir op 'e Wâl. Doe kom der him in grouwe houn achterop, dy koed er net kwyt wurde. Doe't er oan syn hûs ta wie gong de houn foar de doar sitten. Doe doarst heit net ta de doar yn. Hy roan dêrom in eintsje fierder. Der stie in linebeam foar...
nl.verhalenbank.38037
Jehannes hat ris by in boer yn tsjinst west, doe siet er de jouns by dy boer yn 'e hûs. De frou en de dochters sieten der ek by. Dy hienen de gek hwat mei Jehannes. Se gniisden him út. Mar doe't it bêdtiid woarde, seagen se al even oars. Net ien fan 'e froulju dy't út 'e stoel weikomme koe. Hja bleauwen sitten dêr't se sieten, al hoe't se har bêst ek...
nl.verhalenbank.37887
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun, sizze se altyd.
nl.verhalenbank.38196
Yn 't Suden fan Fryslân wenne in man, dy groef dêr in put. Hy woe wetter ha, mar koe gjin krije. Dy put wie hiel, hiel djip op't lêst en doe siet der op in moarn in bytsje wetter yn, mar dat wie sâlt. It wie séwetter. Dêr koe er neat mei. Doe hearde dy man ûnder út 'e put wei in stem. Der waerd roppen: "Flechtsje fan dit lân!" Doe hat dy man dat lân...
nl.verhalenbank.37942
Wy hienen in âld kachel, dêr siet in koperen ynstektsjettel yn. Klaes siet flak foar de kachel. Jehannes sei tsjin him: "Oppasse, Klaes, dêr kin samar wetter út komme!" "Né," sei mem, "dat is noch noait gebeurd." "Nou," sei Jehannes, "sjoch mar ris, dêr komt al in snjitsje." En dêr wie 't ek al sa. Doe woe Klaes de fuotten wol ynlûke, hwant it wetter sea.
nl.verhalenbank.37955
Ergens yn Fryslân stie in slot. De hear en de frou wienen fuort. Allinne de faem wie thúsbleaun mei de âld túnman. Dy moesten togearre op it slot passe. Dêr kaem in keardel mei in great pak op 'e rêch. Dêr hie er handelswaer yn, sei er, en hy frege de faem of dat pak dêr dy nachts wol op it slot bliuwe mocht, wylst hy nei it doarp ta gong. Dêr hie dy faem...
nl.verhalenbank.37950
Froeger hiene je hjir in feanterije. Der wienen guon, dy feanten hjir. Dan leveren se turf oan 'e omlizzende plakken. En dan moesten se de sinten dêr wei helje, dy't se dêr foar barre koenen. Se bitellen yn dy tiid net mei papierjild, mar mei ryksdaelders. Sa hie âlde Willem-om ris op in kear nei Dokkum ta west om jild foar de turf op to heljen. Hy wie op...
nl.verhalenbank.38040
35