Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: vastzetten Place of Narration: Veenwoudsterwal
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
Der gongen ris twa man nei Greate Wopke ta dy't yn Kûkherne wenne. Dy woenen him ris foar 't lapke ha. De iene hie wetter by him fan in persoan, dy't werkelik siik wie, de oare hie wetter fan in hynder meinaem. Wopke ûndersocht it wetter en doe krigen se elk in fleske fan him. Yn 't iene siet medesyn foar de sike frou, yn 't oare siet hjouwer. (Dyselde...
nl.verhalenbank.38064
Wopke hie èk in bijestâl. De bijekuorren waerden froeger wol stellen. Dan swevelen de dieven de kuorren út, dan stutsen de bijen har net. En dan gongen se mei de kuorren mei hunnich nei hûs ta. Op in nacht wienen der dieven by Wopke syn bijekuorren. De kuorren waerden útswevele om se mei to nimmen nei hûs. Mar de oare moarns stienen se der nòch. Se koenen...
nl.verhalenbank.38065
Datselde minske hat forkearing hawn mei in smid. Mar dy miende it har net en dat krige hja yn 'e gaten. Doe't er op in joun by har west hie liet hja him út. Doe't er yn 'e spûkloane wie koed er ynienen net in stap fierder dwaen. Hy bleau stean dêr't er stie. Oant 4 ûre ta. Doe kaem 't minske by him en sei: "Nou mast mar nei hûs ta." Hja hie him dêr sa...
nl.verhalenbank.38300
Ridzert van der Veen syn wiif lei yn 'e kream. Baeije wie dêr kreamwarster en dy hie har bitsjoend. Doe gongen se nei Piter Poes ta fan 'e Sumarreheide. Dat wie in duvelbanner. Piter Poes kom mei de hounekarre. Hy wipte om mei de karre doe't er op 'e hoek wie fan Feanwâldsterwâl. Dat wie 't wurk fan 'e tsjoenster; dy woe him dêr net ha. Doe ha se him wer...
nl.verhalenbank.38077
As der sawn famkes yn in gesin binne, dy't elkoar opfolgje, sûnder dat der in jonge tusken is, is ien fan dy famkes in nachtmerje. In nachtmerje kin altyd yn 'e hûs komme, se kin troch alle gatsjes. Sa komt se by de minsken op bêd. Dy kinne har dan net forroere. Se wolle roppe, mar se kinne net. Dan hat de nachtmerje har yn 'e macht. Men docht de toffels...
nl.verhalenbank.37881
Wie ien ûnderweis mei de hounekarre, dan liet Jehannes de hounen samar stean, sadat se net in stap mear forsetten. Dat wie fansels in forlegene boel foar de man dy't op 'e karre siet. Mar Jehannes koe se ek samar wer fierder rinne litte.
nl.verhalenbank.37890
Greate Wopke koe de minsken stean litte. Der kommen ris twa keardels by him, dy seinen dat se foar twa sike froulju kamen. Hja hienen it wetter fan dy froulju meinom, seinen se, mar dat wie sa net. De iene hie wetter fan in rún by him, de oare wetter fan in merje. Hja woenen Wopke der tusken ha. Wopke biseach it wetter, doe gong er nei achteren ta. Hy kom...
nl.verhalenbank.38052
Jehannes koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.38097
35