Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Dutch Keywords: avond Place of Narration: Veenwoudsterwal
Japik Ingberts wie al in âld man, doe wied er op in joun by in boer to praten dy't tichte by him wenne. Doe't er fuort gong wie sei de boer tsjin syn frou: "De âlde hat sa nei myn raep sjoen dat ik wyt der neat fan, ik mei wol oppasse." De raep, dat wie in moai horloazje, dat hong oan 'e muorre by 't finster. De boer bleau yn 'e keamer yn 't tsjuster dy...
nl.verhalenbank.37948
Der wienen in keppel tsjoensters yn dizze kontreijen, dy koenen har yn katten foroarje. De oanfierder wie de kat Moazes. Jouns gongen dy katten yn in bargetrôch oer de Burgumermar hinne nei de oastkant en dêr dienen se dan yn 'e nacht har tsjoensterkunsten. De moarns bitiid kommen se werom oer de Mar. As se dan op 'e kant wienen op 'e droechte, dan sieten...
nl.verhalenbank.19647
To Hurdegaryp by Bennema-state, wie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, wie er moarns altyd wer iepen. Dat gong sa mar fansels.
nl.verhalenbank.37971
Us heit gong froeger op 'e jounskoalle yn Burgumerheide. Mei in keppeltsje jonges wied er ûnderweis nei skoalle ta. Doe seagen se dêr ûnderweis hwat stean oan 'e kant fan 'e dyk, dat mat sa freeslike raer like ha, dat alle bern fleagen fuort, sa hurd as se koenen. Mar heit stie alhiel forwezen, hy koe net in stap forsette, sa hie de skrik him topakken. Op...
nl.verhalenbank.19643
Datselde minske hat forkearing hawn mei in smid. Mar dy miende it har net en dat krige hja yn 'e gaten. Doe't er op in joun by har west hie liet hja him út. Doe't er yn 'e spûkloane wie koed er ynienen net in stap fierder dwaen. Hy bleau stean dêr't er stie. Oant 4 ûre ta. Doe kaem 't minske by him en sei: "Nou mast mar nei hûs ta." Hja hie him dêr sa...
nl.verhalenbank.38300
Myn man roun ris op in joun nei Feanwâlden nei 't tsjerkhôf ta. In hiele grouwe houn roun mei him op. Dy roun deun by him lâns. Hy hie dy houn noch noait earder sjoen. Dy roan mei nei 't tsjerkhôf ta. Doe't se der oan ta wienen wie er ek samar ynienen wei woarn. 't Wie in houn as in keal.
nl.verhalenbank.38089
Op 'e Godleas Singel is 't gebeurd dat dêr op in joune let in man lâns kom, dy hie jild ophelle. Hy hie de sek mei jild op 'e rêch, hwant papierjild hienen se froeger net. Der wienen in pear keardels dy wachten him op, dy hienen it op syn jild forsjoen. Hja hienen him noch net sjoen, mar dy man mei jild hie hàr wòl sjoen. Der lei in skou oan 'e kant fan...
nl.verhalenbank.37967
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song. Doe't er út...
nl.verhalenbank.37875
Oan 'e ein fan 'e Wâl wie in skûtmakkerije. Dêr farden jouns wolris guon mei in boatsje lâns en dan hearden se dêr wolris saegjen, sûnder dat dêr in minske wie. Dan gong it de oare deis, of twa dagen letter yn werkelikheit op in saegjen. 't Wie de foarboade fan drokte dy't komme soe.
nl.verhalenbank.38214
Der wenne in boer op it Barra-hûs tichte by Ljouwert. Op in joun kaem dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr de nachts wol sliepe mocht. De boer hie dêr net folle mei op, mar affijn, dat moest dan mar. Doe sieten se de jouns dêr byinoar yn 'e hûs. De faem dy seach nou en dan ris nei de útfanhûzer en dy tocht: "Dat liket neat op in frommes. Dat...
nl.verhalenbank.37872
De Westereindersingel giet nei Kûkherne ta. Dy giet it lân troch by de Westereinder brêge. De Tolheksingel hyt dat stik lân. Winterdeis is it wetter dêr tige heech. De reed allinne is aerdich heech. In man hat him der by winterdei ophong, doe't it wetter sa heech wie. Se ha it lyk yn 'e kiste mei in pream dêr wei brocht. In wike fan tofoaren kaem de soan...
nl.verhalenbank.38215
Der wie in man, dy hie syn jild ophelle foar de sûkerij, dy't er forboud hie. 't Wie let op 'e joun en tsjuster. It jild dat droech er yn in pûde, it wie doe allegear noch sulverjild. Yn dy tiid wie 't net feilich bûtendoar, men hie wolris lêst fan rovers. Dat doe't dizze man in pear minsken oankommen hearde, tochte er, ik mat mar fanside krûpe. Doe seach...
nl.verhalenbank.19636
Tusken de Foarwei en de Achterwei yn Ikkerwâld is in smel paedtsje. Myn frou roan dêr ris lâns, allinne. 't Wie joun. Doe kom dêr in hiele greate, grouwe, swarte houn lâns. It wie in fremde houn. Hja wie fjûrbinaud.
nl.verhalenbank.38203
It is hjir op 'e Wâl gebeurd, dat it der op in joun yn in lyts húske sa bot oan wei gong, dat de skeurkalenderbledtsjes fleagen om 'e lampe hinne. En dochs wie der neat to rêdden. In frou hie it sjoen. Ridlik gau dêrnei forstoar der ien yn dat húske en doe gong 't op in erven en partsjen. Doe woarden se sa fjûrslach deielsk, dat de pompierren fleagen de...
nl.verhalenbank.38217
Der wie in feanbaes, dy wenne op 'e Wâl. Hy hie nei de klaei ta west om sinten op to heljen foar de baggelders dy't er dêr levere hie. De jouns kaem er werom. Hy hie in lyts hountsje by him. Hy roan de Godleas Singel del by nacht. Doe't er al in moai eintsje op stap wie hearde hy guon oankommen, mar hy koe se net sjen. Omdat er in protte jild by him hie,...
nl.verhalenbank.37870
Tsjoensters foroarje har yn katten. Hjir stiet in hûs, dêr siet ris op in joun in fremde kat yn 't finsterbank bûten to harkjen hwat der bipraet woarde. As se him fuortjagen, kom er wer. Doe ha se him in opstopper jown. De oare moarns wie hjir op 'e Wâl in âld minske kreupel.
nl.verhalenbank.38227
Ik hie in maet, dy wie like âld as ik. Ik tsjinne by de boer, mar hy farde op 'e Westereinder stoomboat. Tiisdeis gongen se nei Grins en woansdeis nei Dokkum ta. Dan moesten se de tiisdei-to-jouns har al klearmeitsje foar Dokkum, as se út Grins werom wienen. Myn maet roun op in tiisdei-to-joune let by 't kanael lâns nei de brêge ta. Doe wienen dêr wol...
nl.verhalenbank.38226
Op 'e Hoek, by de wei nei de Hoekswâl wennen mem en dy. De buorfrou wie siik en lei op bêd. Doe hearde mem op in joun klopjen. Mar der wie net ien. Doch hie mem it klopjen dúdlik heard. De oare jouns waerd der wèr kloppe. Mar doe wie 't wòl echt. "Hwa is der?" sei mem. Doe wie 't Sibe, de buorman. Hy kaem to sizzen, dat syn frou overleden wie.
nl.verhalenbank.38193
To Hurdegaryp, by dr. Bontekoe wie in hekke. Dienen se dy jouns ticht, dan stie er de oare moarns iepen.
nl.verhalenbank.38191
Myn heit handele altyd. Dy joech om niks. Hy sutele mei hânskrobbers, dy makke er sels fan tienen. Op in kear doe roan er by joun fan 'e Westerein nei Feanwâlden, doe kom der hwat achter him oan, dat rattele. Mar 't wie sa tsjuster, hy koe net sjen hwat it wie. 't Bleau deun achter him, en 't rattele mar. Doe't er yn Feanwâlden wie, seach er dat it in...
nl.verhalenbank.38225
35