Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Place of Narration: Veenwoudsterwal
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje, sizze se altyd.
nl.verhalenbank.38194
De tsjoensters kamen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.38090
Der binne tsjoensters, dy ha popkes dêr't se yn prippe om guon pine to bisoargjen.
nl.verhalenbank.38306
Tsjoensters dy koenen har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.38074
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars matte se sels stjerre.
nl.verhalenbank.37863
Duveldrek ha wy altyd wol yn 'e hûs. Se dienen it froeger ûnder 'e drompels. Dat wie om de tsjoensters to kearen. Ek dienen se 't wol yn 't waeifet foar de keallen.
nl.verhalenbank.38190
De tsjoensters bitsjoenden meastal bern. Dan kommen der krânsen yn 't kessen, dêr't it bern mei de holle op lei. Dan gongen se nei Wopke ta en dy joech in drankje mei foar 't bern. Dêr mochten gjin egen oer gean. De krânsen woarden forbarnd.
nl.verhalenbank.38176
Tsjoensters foroarje har yn katten. Hjir stiet in hûs, dêr siet ris op in joun in fremde kat yn 't finsterbank bûten to harkjen hwat der bipraet woarde. As se him fuortjagen, kom er wer. Doe ha se him in opstopper jown. De oare moarns wie hjir op 'e Wâl in âld minske kreupel.
nl.verhalenbank.38227
Ik hie in maet, dy wie like âld as ik. Ik tsjinne by de boer, mar hy farde op 'e Westereinder stoomboat. Tiisdeis gongen se nei Grins en woansdeis nei Dokkum ta. Dan moesten se de tiisdei-to-jouns har al klearmeitsje foar Dokkum, as se út Grins werom wienen. Myn maet roun op in tiisdei-to-joune let by 't kanael lâns nei de brêge ta. Doe wienen dêr wol...
nl.verhalenbank.38226
Ik wie senuwsiik. Dokter hie sein: It allerbêste dat jo mar krije kinne, matte jo ha. Dat koe 'k net krije. 't Mocht ús net barre. Ik wie 27 jier. Ik tsjinne by in oar. De frou sei tsjin my: "Myn beppe hat in ekster yn 't liif, jo kinne der ek wol us ien yn ha, hwant it kin raer gean mei dy tsjoenderije. Ik tink dat der kweaminsken oer jo geane." Der...
nl.verhalenbank.21910
Us mem wie altyd deabinaud dat wy hwat fan in tsjoenster oannimme soenen en dat opite. Hwant dan wienen wy bitsjoend.
nl.verhalenbank.37860
In tsjoenster foroare har soms yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.38046
Der woarde in kaei op 'e tekst fan 'e bibel lein om 'e tsjoenster to ûntdekken.
nl.verhalenbank.21909
As tsjoensters hwat út 'e wei set hienen, kamen se by elkoar en hâldden in douns.
nl.verhalenbank.19649
In âld minske gong hjir op 'e Wâl hiel faek foar in tsjoenster troch. As bern wienen wy deabinaud foar de tsjoensters. Wy wisten dat se har yn in swarte kat foroarje koenen. It is in kear gebeurd, doe seagen se hjir in wylde swarte kat, dy't se mei in klomp smieten. Se rekken him, wûnder boven wonder, hwant katten dy't tsjoensters wienen, wienen eins...
nl.verhalenbank.37859
Siet der by 't bern in krâns yn 't holkessen, dan wie dat it biwiis dat it bern bitsjoend wie. Dy krâns brânden se op.
nl.verhalenbank.38076
't Gebeurde wol gauris dat de tsjerne bitsjoend wie. Dat wie dan it wurk fan in tsjoenster. Dan koenen se gjin bûter krije. Dan moest de tsjerne leechmakke wurde.
nl.verhalenbank.38189
Duveldrek waerd froeger in protte brûkt. Dat leinen se foar de drompel om de tsjoensters to kearen. As se dan kamen bleauwen se foar de drompel stean. Hjir stoaren froeger in protte bern. Der waerd dan faek leaud dat dy bern bitsjoend wienen.
nl.verhalenbank.37864
Fije Antsje wenne hjir op 'e Wâl. Hja koe tsjoene, seinen de minsken. Dan foroare se har yn in grouwe kat. Op in kear as se op dy kat sketten en him ek rekke. Doe hie Antsje de oare deis in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.38174
Wy setten as bern in krús mei de klomp op 't paed, as der in âld minske oan kom, dêr't se fan seinen dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.37882
29