Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Ureterp
Der wenne in postrinder yn Oerterp, dy koe mear as gewoan. Dy sette in stok tusken 'e skonken en dy stok koed er samar nei in oar ta rinne litte. Hy koe in oar ek samar stean litte. Mar hy hie der bot fan to lijen, as er soks die.
nl.verhalenbank.23396
As se Ymke Modder (= Y. de Jong) opsluten yn 'e gefangenis, en sy gongen by him wei, dan wie de doar al wer los.
nl.verhalenbank.23397
To Drachten hat in man wenne, dy liet in regimint ta de hurddobbe út komme. "Stop", sei er, dan gongen se allegear yn 'e houding stean. "Verdwijn", sei er, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.26184
Hindrik burdman (= H. de Vecht) hie in boek kocht, dêr't er fan alles út learde. Sa koed er wite kninen ta de hurddobbe útkomme litte, as er dêr yn lêsde. Letter moest er alles weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn. Mar it gong sa fier mei him, dat hy woarde op 't lêst bang yn eigen hûs. Doe is er fan binaudens noch grifformeard woarn. 't Wie...
nl.verhalenbank.23386
Ik wie fiif en twintich jier, ik frijgeselle by myn broer. Dy hienen in jonge, dy wie siik. Op in kear gong ik nei Hinke Kaert ta, de kaertlizter fan Nijebrêge. Ik sei tsjin Hinke: "Myn omkesizzer is siik." "Ja," sei se, "dy is bitsjoend. Hjir wennet in duvelbander yn Nijebrêge, dêr matte jo mar ris hinne." Ik dêr hinne. Doe joech dy my hwat guod mei. Hy...
nl.verhalenbank.21015
5