Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: helm Place of Narration: Twijzelerheide
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien. Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22003
Alde Tsearde Antsje () fan Hiltsjemuoi-wâlden seach fan tofoaren bigraffenissen. Hja fortelde gewoan hwa't der stjerre soe. Hja roan noait midden op 'e wei by 't tsjuster, hwant dan koe se samar tsjin in lykstaesje oprinne, sei se. Jouns wie se faek warber. Dan wie der wer in bigraffenis to sjen. Har broer Boardzer Bruning () fan Houtigehage wie èk mei de...
nl.verhalenbank.34476
Lytse Roel van Kammen wennet yn Kollumersweach, yn in hok oan 't spoar. Dy is ek mei de helm geboaren. 't Is in swalker, hy sjocht fan alles fan tofoaren.
nl.verhalenbank.28438
Us heit tsjinne by in boer. Hy hie der us op in kear op út west en kom op in joun thús. Doe stie Rikele Myt by de boer op 't hiem. Hja stie by 't hynder en kaerde 't yn 'e moanjes om. Rikele Myt wie in tsjoenster. De oare moarns sei heit tsjin 'e boer: Dat en dat haw ik sjoen - "Ik doar wedzje," sei er, "dat it hynder fan 'e wike dea leit." 't Kom krekt...
nl.verhalenbank.20098
Bontsje Knjillis wie net allinne mei de helm geboaren, hy koe ek tsjoene. Tominsten, sa biskôgen wy it. Mei in keppel jonges haw ik ris op in snein by him ta de apels sitten. Ik wie doe noch in jonge. Doe't wy de apels opite soenen, wienen se allegear giel en brún fan binnen. Hy hie se bitsjoend. Wy doarsten se net op to iten en ha se fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38628
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf. Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach. "Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme. Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de...
nl.verhalenbank.22113
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes. Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei. "Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan." Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean. Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster. Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Dy't mei de helm geboaren is, is ek kûgelfrij. Ek deselden dy't sa'n helm yn bisit ha. De frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22137
Bontsje Keke wenne by 't spoar. Dy seach èk lykstaesjes. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest soms wit hoefier rinne om de lykstaesje sjen to kinnen. Dan roan er om 't leven. Rjochtút. rjochtoan. Hy steurde him net oan hekken of sleatten. Soms kaem er dweiltrochwiet thús, dan wie er troch sleatten hinnebaeid. De hekken gongen út harsels foar him iepen....
nl.verhalenbank.37649
Yn Twizelerheide wennet in frommeske, dat is mei de helm geboaren. Nachts mat se der ôf. Dan wurdt der kloppe. Dan mat se wer hwat sjen.
nl.verhalenbank.28437
De dokters binne gleon op 'e helms. As der ien mei de helm geboaren wurdt, dan moffelje se dy helm gau wei. Hwant dy helms binne jild wurdich. Dy kinne se djûr forkeapje. In soldaet, dy't in helm by him draecht, dy kinne se noait deasjitte. Dy is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.20109
Guon minsken seagen lykstaesjes fan tofoaren. Letter stoar der dan ien, dêr't hja de bigraffenis al fan sjoen hienen. Ien fan 'e bikendsten hjir wie Bontsje Knjillis. Dy wie mei de helm geboaren. Hy wenne by 't spoar. Hy woarde nachts opjage. Dan moest hy der út. Dan moest er in lykstaesje sjen. Dan roan er soms om 't leven. Dan sieten se him achter. Dan...
nl.verhalenbank.38627
Bontsje Keke wenne yn Twizelerheide. Hy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der altyd ôf om to sjen. Hy roan hiele einen om by in lykstaesje to kommen. Hy woarde prest, hy koe net lizzen bliuwe. Hy hat fan tofoaren sjoen dat syn eigen dochter har forsûpte.
nl.verhalenbank.38333
Myn suster Hiltsje, dy't oan 'e Grinzer Strjitwei wennet by Koaten wyt mear as sljochtwei. Sy woarde mei de helm geboaren. Sterfgefallen en al sokke dingen mear wyt hja fan tofoaren. Ik bin der wolris bang foar west. Op in kear wie 'k by har to praten. Doe sei se: "Astû aenst thús komste dan fornimste dat der ien út jim famylje tige siik is. Dy sil ek wol...
nl.verhalenbank.33512
Dy't mei de helm geboaren wurde, sjogge bigraffenissen fan tofoaren. Bontsje Keke fan Kollumersweach moest ek altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Mar Keke seach ek oare dingen foarút. Tidens de oarloch hat er sjoen dat Juliana op 'e troan komme soe. Der soe noch in forskrikkelik greate oarloch komme as Beatrix op 'e troan kaem. Dan soenen se om 'e...
nl.verhalenbank.10678
35